Rêch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
is gjin anatomysk begryp
 
Rigel 2:
De '''rêch''' is by [[wringedieren]] it lichemsdiel dat de efterkant fan 'e romp beslacht, en bestiet út 'e [[wringe (rêchbonke)|wringe]], [[rib]]ben, [[spier]]en en [[hûd]].
 
By de [[minske]] is de rêch yn 'e regel net of mar justjes behierre. Hy rint fan 'e [[stút (lichemsdiel)|stuten]] troch it [[holle fan de rêch]] nei boppen oer de [[skouderblêd]]en en sa nei de [[skouder]]s ta. De wringe of rêchbonke rint fuort ûnder de hûd yn 'e lingterjochting fan boppen nei ûnderen. Dy bonke is opboud út 22 ûnderskate [[wringe (draaibonke)|wringen]] of draaibonken, dy't de beweging fan it minsklik lichem mooglik meitsje.
 
Dat is net inkeld sa om't in bonke út ien stik de bewegingsfrijheid tige by tige beheine soe, mar fral ek fanwegen de [[senuw]]en dy't út it [[rêchpiid]], it binnenste fan 'e wringen, nei de rest fan it lichem rinne. Dêrmei is de rêch lykwols ek kwetsber, en slimme ferwûnings oan dit lichemsdiel kinne resultearje yn ferlamming foar diel (bgl. fan 'e [[mul]] ôf) of algehiele ferlamming. Ek mindere ferwûnings oan 'e rêch, lykas [[hernia|hernia's]], kinne hiel ferfelende (en pynlike) gefolgen hawwe.