Festival: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:031_Trachtenumzug_Bierwagen_Hofbraeu.JPG|right|thumb|250px|Optocht fan [[bierwein]]en ûnder it [[Dútslân|Dútske]] [[Oktoberfest]].]]
In '''festival''' (fan it [[Aldfrânsk]]e ''festival'', dat wer weromgiet op it [[Latyn]]ske ''festivalis'') is in [[evenemint]] fan lju dy't [[belangstelling]] hawwe foar in beskaat ûnderwerp. Fan oarsprong waard de term benammen brûkt foar grutskalige [[feest]]en dy't troch [[groep (sosjology)|mienskip]]pen fierd waarden omreden fan in [[religieuze]] of [[kulturele]] oanliedings, lykas in [[hjeldei]] of in [[folkloare|folkloristysk]] feest. Ek wiene in protte festivals ferbûn mei de [[lânbou]], en yn 't bysûnder mei de ein fan 'e [[rispinge]] of de [[ûngetiid]]. Tsjintwurdich wurdt it wurd 'festival' ek oare grutskalige feestlike eveneminten brûkt; bygelyks om te ferwizen nei [[muzyk]]konserten troch ferskate [[band]]s en/of [[muzikant]]en ([[muzykfestival]]), of nei eveneminten dêr't nije [[film]]s sjen litten wurde ([[filmfestival]]) of dêr't [[kabaret]]makkers harsels presintearje ([[teäterfestival]]).
 
Festivals tsjinje gauris ek om 'e bannen binnen in spesifike mienskip of [[subkultuer]] oan te heljen. De dielnimmers krije dan troch harren dielname oan it festival it gefoel dat se ta in religieuze, [[maatskiplik]]e, [[etnysk]]e of [[geografy]]ske groep minsken hearre, wat sterk bydraacht oan it [[groepsbewustwêzen]]. Festivals soargje fierders fral foar [[fermaak]], eat dat benammen wichtich wie foar't der in [[entertainmentyndustry]] bestie dy't syn produkten fia [[tillefyzje]], [[radio]], [[ynternet]] en oare [[media]] fersprate. Faak soargje festivals ek foar de fersprieding fan [[ynformaasje]] oer in beskaat ûnderwerp, fral as se in religieus, kultureel of etnysk [[tema]] hawwe.
 
{{boarnen|boarnefernijing=