Haadrol: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + tsjinspiler
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
In '''haadrol''' is de rol fan it [[personaazje]] dat de grutste bydrage leveret oan 'e [[plot]] yn in wurk fan [[fiksje]], lykas in [[mearke]], [[koart ferhaal]], [[stripferhaal]], [[novelle]], [[roman]], [[toanielstik]], [[musical]], [[opera (muzyk)|opera]], [[operette]], [[film]], [[tekenfilm]], [[tillefyzjesearje]], [[fideospultsje]] of [[kompjûterspultsje]]. Sels beskate [[gedicht]]en en [[reklame]]spotsjes omfetsje in haadrol. It tsjinstelde fan in haadrol is in [[byrol]]. In [[titelrol]] is faak ek de haadrol, lykas yn it toanielstik ''[[Hamlet]]'' of de tillefyzjesearje ''[[Magnum, P.I.]]'', mar net altyd, lykas yn 'e roman ''[[The Last of the Mohicans]]''.
 
As it poer om it personaazje giet, wurdt ek wol sprutsen fan in '''haadpersoan''', in '''haadpersonaazje''' of in '''haadfiguer'''. Op it mêd fan it [[aktearjen]] neamt men de [[akteur]] dy't de haadrol hat, de '''haadrolspiler''' ([[frou]]like foarm: '''haadrolspylster'''). As der twa of mear haadrolspilers binne, neamt men dy inoars '''tsjinspilers'''. Yn 'e [[narratology]] wurdt almeast de oantsjutting [[protagonist]] brûkt om nei it haadpersonaazje te ferwizen. It komt faak foar dat der mear as ien haadrol yn in fiksjewurk sit. Sa hat men gauris in [[man (sekse)|manlike]] en in [[froulik]]e haadrol of protagonist, en ek komt it geregeldwei foar dat de haadrollen weilein binne foar in 'held' (de [[protagonist]]) en in 'smjunt' (de [[antagonist]]).
 
In skaaimerk fan haadrollen is faak dat sokke personaazjes de measte tekst hawwe yn in fiksjewurk (útsein fansels yn [[stomme film]]s). Mar dat giet lang net altyd op. [[Arnold Schwarzenegger]] (as [[cyborg]] yn ''The Terminator''), [[Dustin Hoffman]] (as de [[autisme|autistyske]] Raymond yn ''Rain Man'') en [[Rowan Atkinson]] (as de swijsume ''Mr. Bean'') hawwe bygelyks krúsjale haadrollen út harren [[karriêre]] spile wêrby't se mar kwealk in stom wurd seine. De bêste fertolkings fan haadrollen wurde by in protte [[priis (ûnderskieding)|prizen]] op it mêd fan [[toaniel]], [[film]] en [[tillefyzje]] bekroane mei oerwinnings yn 'e [[kategory]]enkategoryen 'bêste akteur' of 'bêste aktrise'. Dat is bygelyks sa by de [[Oscar]]s, [[Emmy]]s, [[Tony Award|Tonys]], [[BAFTA's]], [[Gouden Keal (priis)|Gouden Keallen]], ensfh.
 
==Sjoch ek==