Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Zwolle Begraafplaats Meppelerstraatweg 01.jpg|right|thumb|250px|Grêven op it [[begraafplak]] Meppelerstrjitwei yn [[Swol]].]]
In '''grêf''' of '''lêste rêstplak''' is in plak dêr't in [[lyk]] (yn 'e regel dat fan in [[minske]], mar soms ek dat fan in [[bist]]) nei it [[ferstjerren]] pleatst is. Meastal giet it dêrby om in stik [[grûn]] bûtendoar dêr't sa'n lyk [[begroeven]] ([[beïerdiging|beïerdige]]) is. It komt lykwols ek foar dat grêven binnendoar binne. Sa waarden foarhinne [[notabele]]n wol yn 'e tsjerke beïerdige, en ek de pleatsing fan in lyk yn in boppe-grûnske of ûndergrûnske [[keamer (romte)|keamer]] of [[grêftombe]] komme foar. As it om in boppegrûnske keamer giet, sprekt men fan in [[mausoleum]], wylst in ûndergrûnske keamer in [[grêfkelder]] neamd wurdt. Yn guon [[kultuer]]en wurde liken by wize fan beïerdiging yn [[spelonk]]en of [[rots]]holten pleatst. As dêrby neitiid sprake is fan ôfsluting fan 'e spelonk of rotsholte, hjit dat [[ynmitseling]] en wurdt nei it ôfsletten diel ferwiisd as in [[grêfnis]]. Ek komt it gauris foar dat der [[grêfgeskink]]en yn it grêf pleatst wurde dy't de ferstoarne yn it [[hjirneimels]] brûke kin.
 
Yn 'e [[Westerske kultuer]] is it oer it algemien lykwols wizânsje om it lyk fan 'e ferstoarne nei de [[dea]] yn in [[deakiste]] te beïerdigjen yn 'e grûn fan in [[tsjerkhôf]] (it perseel lân dat om in [[tsjerke]] hinne leit) of yn 'e grûn fan in oar [[begraafplak]] dat spesjaal foar dat doel reservearre is. Dêrby wurdt meastal in [[grêfsark]] fan [[moarmer]] of in oare [[stien]]soarte rjochtopsteand oan it hollenein fan it grêf set of der lizzend boppe-op pleatst. Soms wurdt oan it hollenein in steand [[hout]]en [[krús (symboal)|krús]] (it [[symboal]] fan it [[kristendom]]) tafoege. It komt ek foar dat liken nei de dea [[kremaasje|kremearre]] wurde. Yn sokke gefallen is der oer it algemien gjin sprake fan in grêf, al is it mooglik dat de [[jiske (ferbaarning)|jiske]] neitiid dochs noch begroeven wurdt. Dêrnjonken is it ek mooglik dat de [[urne]] mei de jiske op in tsjerkhôf of begraafplak yn in útsparring yn in [[urnemuorre]] pleatst wurdt.
 
In [[massagrêf]] is in grêf wêryn't in grut tal minsken begroeven binne. Soks komt foar as der in protte liken te begraven binne, bygelyks nei in [[natoerramp]], in [[epidemy]] of in mei opsetsin troch oare lju oanrjochte [[bloedbad]]. In spesjaal soarte fan grêf is in [[seemansgrêf]], wêrby't it lyk fan in opfarrende fan in [[skip]] op [[see]] oerboard smiten wurdt. In [[oarlochsgrêf]] is yn [[Nederlân]] in grêf mei in spesjale beskerme status fan immen dy't yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] yn 'e striid tsjin 'e [[Dútslân|Dútske besetter]] sneuvele of troch de Dútsers [[eksekúsje|eksekutearre]] is.
 
Men wurdt achte grêven foechsum te behanneljen, sawol út [[respekt]] foar de [[dea]]de, as út meilibben mei de [[djipdrôven]]. [[Fandalisme|Fandalisearring]] fan begraafplakken wurdt dan ek beskôge as in tige minne die, dy't [[straf|bestrafber]] is as [[misdriuw]]. It iepenbrekken fan grêven is in noch helte minder misdriuw, dat [[grêfskeining]] hjit. Lykwols is it foar [[argeolooch|argeologen]] tige gongber om grêven út 'e [[prehistoarje]], de [[Aldheid]] en de [[Midsiuwen]] iepen te brekken. It ferskil liket dêrmei te lizzen oan 'e âlderdom fan in grêf. De [[argeology]] kin in protte ynformaasje út in grêf helje, lykas hoe't de ferstoarne foar syn dea [[libben|libbe]], hoe't er [[stoarn]] is en hokfoar opfettings oft syn kultuer oer de [[dea]] en it hjirneimels hie. As der grêfgeskinken binne, kin dêr noch mear út ôflaat wurde oer de kultuer fan 'e deade. Tsjintwurdich binne ûnskeinde grêven troch de yntrede fan 'e [[argeogenetika]] in noch wichtiger boarne fan ynformaasje as foarhinne. Yn dat ramt wurde by argeologysk ûndersyk fan grêven beskermjende [[klean]] droegen om besmetting mei modern [[desoksyribonukleïnesoer|DNA]] foar te kommen. Net eltsenien fynt it iepenbrekken fan grêven foar [[wittenskiplik ûndersyk]] talitber. Yn 'e [[Feriene Steaten]] fersette de [[Yndianen]] har bygelyks fûleindich tsjin it fersteuren fan 'e rêst fan harren [[foarâlden]], en sûnt yn [[1990]] nei lang krewearjen fan 'e Yndianen de [[Native American Graves Protection and Repatriation Act]] (NAGPRA) oannommen waard, is dat ek net mear tastien.
[[File:Kyrkogård Zell 1998.jpg|right|thumb|250px|Grêven op in [[begraafplak]] yn [[Eastenryk]].]]