Ultrafiolet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 11:
Al rillegau rekke lykwols de beneaming 'oksidearjende strieling' yn ûnbrûk en begûn men ynstee te sprekken fan 'gemyske strieling', wat in ienfâldiger, mar [[wittenskip]]lik ûnsekuere namme wie. Dy bleau de hiele [[njoggentjinde iuw]] troch yn gebrûk, hoewol't guon ûndersikers eigen nammen betochten, lykas [[John William Draper]], dy't hawwe woe dat 'gemyske strieling' neat mei ljocht te krijen hie en dêrom (om 'e nocht) de namme 'titoanyske strieling' besocht te popularisearjen. De termen 'gemyske strieling' en 'hjittestrieling' rekken tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw út 'e graasje, doe't de moderne beneamings ultrafiolet, resp. ynfraread oannommen waarden.
 
Yn [[1878]] waard it [[sterilisaasje (skjinmeitsjen)|sterilisearjende]] effekt fan ultrafiolette strieling ûntdutsen, dat feroarsake wurdt trochdat it [[baktearje]]s deadet dy't deroan bleatsteld wurde. Tsjin [[1903]] wie bekend dat de effektyfste [[weachlingte]] dêrfoar om ende by 250 [[nanometer|nm]] wie. Yn [[1893]] ûntdiek de Dútske natuerkundige [[Victor Schumann]] dat der ek ultrafiolette strieling bestiet mei in weachlingte koarter as 200 nm. Dat neamde er 'fakuumultrafiolet', om't it yn hege mjitte [[absorpsje (natuerkunde)|absorbearre]] wurdt troch de [[soerstof]] yn 'e [[lucht]]. Yn [[1960]] waard it (skealike) effekt fan (tefolle) ultrafiolet ljocht op [[desoksyribonukleïnesoer|DNA]] fêststeld, en dêrmei de skealike effekten foar de [[minske]] fan tefolle bleatstelling oan sinneljocht.
 
==Types ultrafiolette strieling==