Kosmology: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 2:
'''Kosmology''' (fan it [[Gryksk]]e κόσμος, ''kosmos'', "wrâld", en -λογία, ''-logia'', "[[kennis]]") is de [[tûke (betsjuttingsside)|tûke]] fan 'e [[wittenskip]] dy't him dwaande hâldt mei de [[stúdzje]] fan it [[universum]]. Kosmology ûnderskiedt him fan [[astronomy]] trochdat kosmology ûndersyk docht nei it hielal as gehiel, wylst de astronomy him taleit op ûnderskate objekten ýn it hielal, lykas [[stjer]]ren en [[planeten]]. As term hat 'kosmology' syn oarsprong yn 'e [[Ingelsk]]e [[taal]], mei't it wurd yn [[1656]] betocht waard troch [[Thomas Blount]] foar syn ''Glossographia''. Pas yn [[1731]] krong it troch yn it [[Latyn]] troch it [[boek]] ''Cosmologia Generalis'' fan 'e [[Dútslân|Dútske]] [[filosoof]] [[Christian Wolff (filosoof)|Christian Wolff]].
 
[[Natuerkunde|Natuerkundige]] kosmology is in tûke fan 'e [[astrofysika]] dy't him taleit op it bestudearjen fan 'e [[gronology fan it hielal|oarsprong, evolúsje en it úteinlike lot]] fan it [[hielal]]. Wichtige ûndersyksmêden binne de grutskalige struktueren (lykas [[stjerrestelsel]]s) fan it hielal, de ûnderlinge [[dynamyk]] fan dy struktueren, en wat der úteinlik [[lot fan it hielal|fan it hielal wurde sil]]. Ek de [[wetten fan 'e wittenskip]] dy't op sokke ûndersyksmêden fan tapassing binne, hearre ta it wurkterrein fan 'e natuerkundige kosmology. De hjoeddeistige kosmology wurdt sterk behearske troch de [[oerknal]]teory, dy't besiket en ferienje de [[waarnimmingsastronomy]] mei de [[dieltsjesfysika]]. Astrofysikus [[David N. Spergel]] hat de natuerkundige kosmology omskreaun as in foarm fan [[historiografy]], want "as we nei de [[romte (astronomy)|romte]] sjogge, sjogge we werom yn 'e tiid" (in ferskynsel feroarsake troch it einige aard fan 'e [[faasje fan it ljocht]]).
 
Yn 'e [[religieuze]] kontekst, dêrfoaroer, is in kosmology in samling [[leauwe]]nsoertsjûgings dy't basearre binne op [[mytology]]ske, [[religieuze]] en [[esotery|esotearyske]] [[literatuer]] en [[tradysje]]s fan [[skeppingsmyte]]n en [[eskatology]]. It giet dan oer de yndieling fan 'e wrâld of wrâlden neffens de lear fan in [[godstsjinst]], faak mei in [[minske]]wrâld, ien of mear [[himel]]s en in [[ûnderwrâld (mytology)|ûnderwrâld]] of [[hel]] en hokfoar oare foarmen fan bestean oft dêr ek mar oan tafoege wurde kinne. Soks is it wurkterrein fan 'e [[metafysika]], in ûnderdiel fan [[teology]], [[godstsjinst]]wittenskippen en [[filosofy]].