Boris Nemtsov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 35:
 
==Libben en karriêre==
Nei [[natuerkunde]] studearre te hawwen yn [[Gorky]], dêr't er yn [[1985]] mei 25 jier syn [[doktor]]stitel helle, wurke er oant [[1990]] as wittenskiplik ûndersiker yn it Radiologysk-Natuerkundich Undersyksynstitút Gorky. Yn dy tiid publisearre er mear as 60 akademyske artikels oer [[kwantumnatuerkunde]], [[termodynamika]] en [[akoestyk]]. Ek died er ferskate útfinings, wêrûnder in akoestyske [[laser]] en in nij ûntwerp foar [[antinne]]s foar [[romte (astronomy)|romte]][[satellyt|satelliten]].
 
Yn [[1986]], nei it de [[kearnramp fan Tsjernobyl|kearnramp]] by [[Tsjernobyl]], rekke Nemtsov foar it earst polityk aktyf, doe't er yn Sotsjy in protestbeweging opsette dy't de komst fan in [[kearnsintrale]] dêre tsjinkearde. Nei de fal fan it [[Izeren Gerdyn|Izerne Gerdyn]] waard er troch de Russyske presidint [[Boris Jeltsin]] beneamd ta (de earste) gûverneur fan 'e provinsje [[Nizjny Novgorod (oblast)|Nizjny Novgorod]], in funksje dy't er beklaaide fan [[1991]] oant [[1997]]. Dêrnei wied er efterinoar minister fan Branje en Enerzjy ([[1997]]) en fise-premier fan Ruslân ([[1997]]-[[1998]]). Yn 1998 rjochte er de ''Jong Ruslân''-beweging op, en teffens de aksjegroep ''It Rjochtse Doel''. It jiers dêrop wied er ien fan 'e inisjatyfnimmers ta de oprjochting fan 'e [[Uny fan Rjochtse Krêften]], in [[neoliberalisme|neoliberale]] politike beweging dy't al rillegau omfoarme waard ta in [[politike partij]].