Grêft: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L ik wol bêst leauwe dat it inkeltal ek mei koarte fokaal foarkomt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 4:
Grêften binne te finen yn in protte [[histoarysk]]e [[binnenstêd]]en yn [[Hollân]], lykas [[Amsterdam]] (ferneamd om syn [[Grêftegurle]]), [[Alkmar]], [[Delft]], [[Doardt]], [[Gouda]] en [[Leien]]. Yn [[Fryslân]] komme grêften foar yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[Boalsert]], [[Dokkum]], [[Frjentsjer]], [[Harns (stêd)|Harns]] en [[Snits]], en yn 'e rest fan [[Nederlân]] û.m. yn [[Amersfoart]], [[Coevorden]], it doarp [[Giteren]], [[Grins (stêd)|Grins]], [[Meppel]] en [[Utert (stêd)|Utert]].
 
Bûten Nederlân komme grêften ek foar yn [[Flaanderen|Flaamske]] stêden as [[Brugge]], [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] en [[Gint (stêd)|Gint]], en yn 'e [[Dútslân|Dútske]] stêden [[Hamburch]] en [[Duisburch]]. Yn guon stêden, lykas [[De Haach]], binne de grêften fierhinne ferdwûn trochdat se tichtsmiten binne. Dat hat as foardiel dat dêrtroch moaie romme [[strjitte]]n ûntsteane, mar it neidiel is in stikje ferlerne [[skiednis]]. Yn 'e [[Kop fan Oerisel]] wurde ek [[kanaal (wetterwei)|kanalen]] of [[feart (wetterwei)|feart]]en bûten de beboude kom 'grêften' neamd, lykas de [[Arembergergrêft]] tusken [[Swartslûs]] en [[Belterwijde]] en de [[Thijssengrêft]] tusken [[Giteren]] en de [[Giterske Mar]].
 
De oarspronklike funksjes fan grêften wiene: [[ôfwettering]], [[ferfier]] (oer it wetter), ferdigening en [[rioelearring]]. It saneamde [[skuorjen fan grêften]] wie, wêr't dat mooglik wie, in manear om 'e grêften iepen te hâlden, om't se oars stadichoan tichtslibben. Yn 'e [[njoggentjinde iuw]] ferlearen de stêden definityf harren funksje as [[fêsting]]wurk, en dêrmei rekken de grêften har ferdigeningsfunksje kwyt. Yn dyselde perioade waarden yn 'e measte plakken ek nije, bettere [[rioel]]en oanlein. Nei't se om 'e midden fan 'e [[tweintichste iuw]] hinne ek harren ferfiersfunksje foar it meastepart ferlearen oan it [[ferkear]] oer de [[wei]], waarden in protte grêften dempt. Letter waarden yn guon plakken, lykas [[Breda]], [[Utert (stêd)|Utert]], [[Meppel]], [[Gint (stêd)|Gint]] en [[Saandam]] inisjativen nommen oan 'e dempte grêften wer yn âlde steat werom te bringen.