Noardsee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 24:
* de [[Skelde]], yn Seelân,
* de [[Teems]], by [[Southend-on-Sea]],
* de [[Humber (estuarium)|Humber]] by [[Hull]].
It [[Kieler Kanaal]], ien fan de wrâld syn drokste troch minsken makke wetterwegen, ferbynt de Noardsee mei de [[Baltyske See]].
 
Rigel 38:
Yn de tuskenperioaden, mei in heger seenivo, ferdwynt de Tekselspoar ûnder wetter en wurdt sa in seerichel dy't it bêd fan de Noardsee yn twa bekkens opdielt. In perioaden mei in leech seenivo falle de bekkens drûch. It súdlike bekken wetteret dan ôf op it Kanaal, wylst it Noardlike bekken ôfwetteret op de Noarske See. Yn guon iistiden hat it part noard fan de Tekselspoar ûnder it iis lein wylst it part besuden de richel [[tûndra]] wie.
 
De geology is noch altyd wichtich. Sa is de [[Kanaaltunnel]], mei it [[Gruttefaasjetrein|gruttefaasjespoar]] tusken [[Dover (stêd)|Dover]] en [[Kales]] dat hjoed de dei Ingelân en [[Frankryk]] ferbinet, boud yn de kalk fan it restant fan de Ingelske Lânbrêge.
 
=== Fryslân ===
Foar it lânskip fan Fryslân hat de Noardsee ek tige wichtich west. De [[balstienliemlagen]] en it [[sân (grûnsoarte)|sân]] dat it iis fan de iistiden efterlitten hie, kamen tegearre mei it sân fan de doetiidsk drûge Noardsee yn Fryslân te lizzen. Under it [[Holoseen]] ûntstiene oan de râne fan de Noardsee dêr't it sân opwaaide strânwâlen. Efter dizze strânwâlen besonk sân en wat fierderop [[klaai]]. Doe't oan de lânkant ek plantegroei him goed festige hie, en it hjirfan ôfstoarne plantemateriaal ûnder wetter kaam te stean, ûntstie der ek noch [[fean]]. Troch it opwaarmjende klimaat kaam it seenivo hieltyd heger te lizzen, mar der wiene altyd wer tiidrekken dat it wer efkes leger lei. Dizze perioade fan transgresje en regresje makken dat der in wikselwurking tusken it lân en de Noardsee wie dy't der foar soarge dat der op Fryslân hieltyd wer sân, klaai of fean kaam te lizzen, of fuortslein waard troch de see. Dit kombinearre mei de ôfwetterings fan rivieren en slinken, en lâns dizze plakken ûntstiene [[kwelderwâl]]en dêr't de ofsettings wat dikker lizze as earne oars. Sa is it Fryslân fan foar de ynpolderings ta stân kaam, mei tank oan de Noardsee.
 
=== Ferkear ===