Riedpinsjonaris: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
'''Riedpinsjonaris''' (of '''riedspinsjonaris''') wie de titel fan de earste amtner en rjochtskundich adviseur fan de steaten fan it [[goa (krite)|goa]] [[Hollân]] en [[Seelân]].
 
De riedpinsjonaris, oant 1617 lânsadvokaat neamd, waard foar fiif jier troch de ridderskip beneamd. Hy late de dputaasjedeputaasje fan de [[steaten fan Hollân]] nei de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-Generaal]]. Teffens wie er saakwaarnimmer fan de ridders tusken twa gearkomsten yn. Hy makke harren post iepen, makke de aginda en die de tarieding fan de gearkomst. Sa wie it regele yn de tiid fan de Boergondyske hartoggen en dat bleau yn it earstoan ek sa nei de [[Nederlânske Opstân|opstân fan de Nederlannen]] tsjin de lânshear.
 
Dêrnei ûntjoech de funksje him hurd en de lânsadvokaat fungearre feitlik as de heechste bestjoerder fan de hiele [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]]. Mar úteinlik waard oer it wol en wee fan Hollân (en dêrfan ôflaat: de Republyk) beslist troch de de stedsregearen ([[Froedskip|froedskippen]]), fan Amsterdam oant Inkhuzen. Nei de dea fan [[Johan van Oldenbarnevelt]] waard de titel feroare fan Lânsadvokaat yn Riedspinsjonaris.