Trompet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
== Gebrûk ==
[[Ofbyld:Mouthpiece trumpet.jpg|thumb|100px|It mûlestik fan in trompet]]
De trompet wurdt yn ferskate muzyksjenres brûkt. Yn de [[klassike muzyk]] komt er bygelyks yn [[symfony]]-orkesten en [[keamermuzyk|keamerorkesten]] foar, mar ek yn lytsere ensembles lykas it koperkwintet, en as solo-ynstrumint. Dêrnjonken wurdt de trompet ek yn de lichte muzyk brûkt, yn de [[jazz]], likegoed as yn de [[bigband]] as yn lytsere formaasjes en yn de [[popmuzyk]]. Bekende foarbylden út de jazz binne [[Miles Davis]], [[Chet Baker]] en [[Louis Armstrong]]. De trompet wurdt ek in soad yn [[harmony-orkest|harmony]]- en [[fanfare]]-orkesten brûkt. Fierder hat de trompet in wichtich ynstrumint yn it leger west.
 
De meast gongbere trompet yn de jazz, pop en de harmony- en fanfare-orkesten, mar ek yn dweilorkesten, is de Bes-trompet. Yn symfoany-orkesten wurdt - grif yn Nederlân, mar ek yn oare lannen - meast de C-trompet brûkt. Dêrnjonken binne der trompetten yn D, Es, F, G, heech-A en heech-Bes. Oant sawat it begjin fan de [[20e iuw]] wiene der ek trompetten yn A, en leech-F, mar dy binne no allinnich noch yn musea te sjen.