Marijke Jongbloed: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 22:
Marijke Jongboed waard yn [[1956]] berne yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], as neikommerke yn in [[húshâlding]] mei fiif [[bern (persoan)|bern]]. It [[gesin]] ferhuze nei [[Hallum]] doe’t har [[heit]] dêr haad fan de [[kristendom|kristlike]] [[legere skoalle]] waard. Op har trettjinde begûn se mei [[fotografy]] te pielen, en nei har [[eksamen|eineksamen]] oan it [[Lienward College]] gie se nei [[Grinslân]] ta, dêr't se twa jier by in [[yndustry|yndustrieel]] [[fotograaf]] wurke yn [[Hoogezand]].
 
Har heit wie der poer op tsjin doe’t se yn [[1976]] in talittingseksamen die by de [[Nederlânske Film en Telefyzje-akademy]] yn [[Amsterdam]]. Mei tastimming en finansjele stipe fan har [[mem]] sette se lykwols troch. By de fertoaning fan har ekssamenfilm ''Stap voor Stap'', yn [[1980]] yn [[teäter (gebou)|teäter]] Kriterion yn Amsterdam, krige se in steande ovaasje, mar har heit bleau sitten. Nei felisitaasjes fan [[direkteur]] [[Anton Koolhaas]] wie syn iennichste kommentaar: ''"Dit wie blykber wat se woe."'' Hy ferskynde ek net op 'e [[diploma]]-útrikking letter dy [[middei]].
 
===Karriêre===