Sêne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
In '''sêne''' is in [[narratology]]ske en [[senario]]technyske oantsjutting foar de lytste ienheid fan [[aktearjen]] yn it [[toaniel]], yn [[film]]s en op 'e [[tillefyzje]], wêryn't ien hanneling of foarfal útbylde wurdt dy't op ien plak en ien tiid ferrjochte wurdt of plakfynt. Men sprekt hjirby dêrom fan [[ienheid fan tiid, plak en hanneling]], lykas oarspronlik yn it [[Griken|Aldgrykske]] [[teäter]]. It [[wurd]] 'sêne' komt dan ek fan it [[Gryksk]]e σκενα, ''skena'', dat yn 'e [[Griken|Grykske]] [[Aldheid]] de beneaming wie foar it spylfjild fan it [[teäter (keunstfoarm)|teäter]]. Fia it [[Latyn]]sk ''scæna'' en it [[Frânsk]]e ''scène'' berikte it syn hjoeddeiske foarm.
 
Yn it ramt fan 'e [[sinematografy]] kin in sêne karakterisearre wurde as in kombinaasje fan ûnderskate byinoar hearrende [[shot (sinematografy)|shots]] (bylden opnommen út ûnderskate [[kamera]]hoeken). As in sêne út ien shot bestiet, wurdt der sprutsen fan in [[sekwinsjeshot]]. Ferskate besibbe sênes of ien sêne dy't binnen in film hielendal op himsels stiet, neamt men yn 'e sinematografy in [[sekwins (sinematografy)|sekwins]]. In [[spylfilm]] fan likernôch twa [[oere]]n lingte telt yn meastal 50 oant 300 sênes.