Subsydzje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kin letter noch wol
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
In '''subsydzje''' (fan it [[Latyn]]ske ''subsidium'', dat "stipe" of "help" betsjut) is in [[jild|finansjele]] bydrage, almeast fan 'e [[oerheid]], foar it ien of oar. Faak giet it dêrby om in tydlike bydrage foar it begjinnen mei in aktiviteit wêrfan't it [[ekonomy]]sk belang net drekt foar de hân leit. Men kin dan tinke oan [[keunst]]uterings lykas [[toaniel]] of oare foarmen fan [[teäter (keunstfoarm)|teäter]], [[muzyk]] en [[dûns]]. Yn sokke gefallen kin it foarkomme dat de subsydzje net fan 'e oerheid komt, mar fan in [[kwartêre sektor|net-kommersjele organisaasje]]. As it ekonomysk belang fan in aktiviteit wól foar de hân leit, sprekt men net fan in subsydzje, mar fan in [[ynvestearring]].
 
It subsidiëarjen fan aktiviteiten is in ynstrumint dat de oerheid hat om beliedspunten te stimulearjen. Foarmen fan subsydzje binne û.m.: eftersteld [[kredyt]], garânsjes en ynvestearringspreemjes. Der bestiet in breed ferskaat fan aktiviteiten dy't sûnder subsydzje net mooglik of foar brûkers ûnbetelber wêze soene. Njonken de al neamde keunstuterings kin men dan tinke oan [[museä]], mar ek oan it [[ûnderwiis]] en it [[iepenbier ferfier]]. Oare dingen dêr't subsydzje foar jûn wurdt, binne bgl. it beteljen fan 'ede [[hier]] troch lju mei in leech [[ynkommen]] ([[hiersubsydzje]]), aktiviteiten foar de [[reyntegraasje]] fan [[wurkleazens|wurksykjenden]] op 'e [[arbeidsmerk]], en projekten foar it opwekjen fan [[duorsumens|duorsume]] [[enerzjy]].
 
Oan it jaan fan subsydzje klibbet it gefaar dat der ôfhinklikheid mei kreëarre wurdt: guon dingen dy't yn 't earstoan subsidiëarre wurde, kinne letter net mear sûnder subsydzje. It stopsetten fan 'e subsidiëarring liedt dan faak ta in [[maatskiplik]] konlfikt oer nut en kosten.