Ferwerderadiel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 62:
Ferwerderadiel wie yn dy tiid part fan [[Eastergoa]], en nei't dat opspjalte waard, waard it in part fan de [[Noardlike njoggen]]. Fan [[1242]] ôf waard der skreaun fan [[grytman]]nen, mar pas yn de [[15e iuw]] waarden de dielen selsstannich en waard Ferwerderadiel in [[gritenij]].
 
Oant dy tiid wie ek [[it Amelân]] part fan Ferwerderadiel, mar yn [[1405]] waard it eilân selsstannich. Der bleaune al tsjerklike bannen, en ek wie der oant yn de [[19e iuw]] yn Ferwerderadiel noch in [[fear (ferfier)|fear]] nei it eilân. De [[gritenij]] Ferwerderadiel waard yn [[1851]] in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] nei de ynfiering yn Nederlân fan de [[gemeentewet]] fan [[Thorbecke]].
 
By de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] kamen [[Jannum]] en it súdlike part fan [[Burdaard]] by Ferwerderadiel, wylst de súdwestlike útherne, dêr't in part fan [[Alde Leie]] yn lei, nei Ljouwerteradiel gie. Op [[1 jannewaris]] [[2019]] waard Ferwerderadiel opheft en giet it yn 'e mande mei [[Dongeradiel]] en [[Kollumerlân]] op yn 'e nije gemeente [[Noardeast-Fryslân]].