Brân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
FirePhotography.jpg ferfange troch Fire_inside_an_abandoned_convent_in_Massueville,_Quebec,_Canada.jpg (troch CommonsDelinker om't: [[:c:
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 4:
 
==Oarsaken==
Brannen kinne ûntstean troch in [[ûngemak]], lykas [[koartsluting]], troch in natuerlike oarsaak, lykas in [[wjerljocht]]ynslach, mar ek troch boaze opset: [[brânstifting]]. Dat wurdt soms by fersin of troch [[neilittichheid]] dien (bgl. troch in brânende [[sigaret]] falle te litten of fuort te smiten), en it komt ek foar dat it in (út 'e hân rûne) kweajongesstreek is. Guon lju hawwe lykwols in [[sykte|syklike]] fassinaasje foar fjoer, dy't har oanset om allegeduerigen brân te stiftsjen; sokken wurde [[pyromaan|pyromanen]] neamd.
 
Foar fjoer, en dus ek brân, moat sprake wêze fan trije faktoaren: brânber materiaal, [[soerstof]] en in foldwaande hege [[ûntbrâningstemperatuer]]. Dy trije dingen mei-inoar wurde wol de [[brântrijehoek]] of de brânsirkel neamd. As de mingferhâlding meirekkene wurdt, sprekt men wol fan de [[brânfjouwerhoek]], en as der in [[katalysator]] yn it spul is, hat men it oer in [[brânfiifhoek]]. In katalysator is in middel dat ferbrâning mooglik makket of hurder gean lit, mar dat sels net ferbrânt. In foarbyld is it brâne litten fan in [[sûker]]klûntsje troch der sigarettejiske op lizzen: sûker brânt net sûnder sigarettejiske, mar de sigarettejiske (dy't ommers al ferbrând is) wurdt net ferbrûkt en wurket dus as in katalysator.
Rigel 12:
 
==Ferwûnings en dea==
By brân fallen net inkeld [[ferwûne]]n en/of [[dea]]den troch ferbrâning of it oprinnen fan [[brânwûne]]n, mar ek troch it ynstoarten fan [[gebou]]wen dy't troch brân ferswakke binne, en troch [[reekynhalaasje]]. Sterker noch, de grutste bedriging fan in brân foar in minske of bist wurdt net sasear foarme troch de flammen sels, mar troch de [[reek]] en de hjitte (reek)[[gasfoarming|gassen]]. De [[koalmonokside]] yn 'e reek lit minsken en bisten [[stikken|stikke]] en de reek sels foarmet in ûntrochsichtich 'gerdyn', dêr't men [[desoriïntaasje|desoriïntearre]] fan reitsje kin, sels yn jins eigen [[hûs]], sadat men de útgong (of [[needútgong]]) net (mear) fine kin. De hege [[temperatuer]] kin binnen in pear [[sekonde|tellen]] de [[longblaaske]]s ferbrâne en sa de [[longen]] alhiel útskeakelje. Dêrtroch kin it [[minsklik lichem|lichem]] net mear fan [[soerstof]] foarsjoen wurde en wurdt de dea ûntsjinkearber.
 
{{boarnen|boarnefernijing=