Stamhaad: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[File:Touch the Clouds 1877a.jpg|thumb|175px|[[Reitsje-de-Wolkens-Oan]], stamhaad fan de fan 'e [[Minnikonzjû]]]]
In '''stamhaad''' is in persoan ([[man (sekse)|man]] of [[frou]]) mei in liedende funksje yn in [[stamme (folk)|tribale maatskippij]]. Soms hawwe tribale [[etnyske groep]]en ien inkeld stamhaad, mar yn 'e regel binne it der twa of mear, of is it stamhaad de earste ûnder syn gelikensen yn in ried fan âldsten. Sokke stamhaden wurde ornaris oansteld op grûn fan harren persoanlike kwaliteiten, mar erflik stamhaadskip komt ek foar.
 
In stamhaad mei in legere status as oare stamhaden fan syn etnyske groep wurdt yn 'e regel omskreaun as in '''haadman''' (of '''haadfrou'''). Oare foarmen fan stamhaden binne de [[kriichslieder]] (dy't spesifyk oansteld wurdt foar in perioade fan [[oarloch]] en waans autoriteit beheind is ta kwestjes dy't de striid oanbelangje), en in [[religy|religieuze]] lieder dy't ek op [[polityk]] mêd oerhearsket, sa't dat soms foarkomt mei [[medisynman]]nen.
 
Spesifyk foar stamhaden fan 'e [[Yndianen]] fan 'e [[Amearika's]] is yn it [[Frysk]] en [[Nederlânsk]] de term '[[opperhaad (stamhaad)|opperhaad]]' (of 'oerhaad') yn gebrûk. Yn [[Súd-Amearika]] wurdt gauris de [[Spaansk]]e namme ''[[cacique]]'' brûkt, wylst fan 'e [[Hawaï-eilannen]] de term ''[[ali‘i]]'' bekend is. Yn 'e [[Arabieren|Arabyske]] [[kultuer]] steane de haadlju fan [[bedoeyn|bedoeïnestammen]] bekend as [[sjeik]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=