Sukkubus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[File:Succubus_bracket_02.jpg|right|thumb|200px|In [[sechstjinde-iuwsk]] [[houtfykjen|houtfykwurk]] dat in sukkubus foarstelt ([[Cambridge]]).]]
In '''sukkubus''' ([[meartal]]: '''sukkuby''') is in [[froulik]]e [[demon]] of in demon dy't in froulike foarm oannommen hat, dy't yn [[dream]]en oan [[manlju]] ferskynt en harren [[ferlieding|ferliedt]], yn 'e regel troch [[seksuële omgong|seksuële aktiviteit]]. It [[wurd]] 'sukkubus' komt fan it yn 'e [[fjirtjinde iuw]] ûntstiene [[Latyn]]ske wurd ''succubus'', dat ôflaat is fan ''succuba'' ("[[mêtresse]]"), dat wer komt fan ''succubare'' ("lizze ûnder" of "besliept wurde troch"), fan ''sub-'' ("ûnder-") en ''cubare'' ("op [[bêd]] lizze"). De [[manlik]]e wjergader fan in sukkubus is in [[ynkubus]]. Neffens guon [[religieuze]] [[tradysje]]s, benammen fan 'e [[abrahamityske religyen]], soe oanhâldende [[seksuële omgong]] mei in sukkubus liede ta [[minsklik lichem|lichaamlike]] en [[geast]]like [[sykte|sûnensswierrichheden]] en úteinlik sels ta de [[dea]]. Yn moderne represintaasjes kinne sukkuby ek bûten dreamen ferskine en wurde se gauris foarsteld as tige [[seksuële oantrekking|oantreklike]] ferliedsters of [[tsjoender|tsjoenster]]s, wylst se yn it [[ferline]] oer it algemien ôfbylde waarden as [[eangst]]oanjeiend en demoanysk.
 
==Yn 'e Westerske folkloare==
Rigel 7:
Neffens de joadske folkloare kin in sukkubus de foarm fan in [[skientme|tsjeppe]] [[famke|faam]] oannimme, mar sil har lichem by neier ynsjen in beskate wanskepenens hâlde, lykas [[fuotten]] yn 'e foarm fan 'e [[kloer]]en fan in [[rôffûgel]] of in [[sturt]] yn 'e foarm fan it efterliif fan in [[slange]]. Neffens deselde [[ferhalen]] soe it [[seksuële penetraasje|seksueel binnenkringen]] fan in sukkubus oanfiele as giet men in [[grot]] fan [[iis]] yn. Sukkuby soene fierders harren manlike slachtoffers twinge ta it útfieren fan [[kunnilingus]] op harren [[fagina|fagina's]], dy't drippe soene mei [[urine]] en oare [[lichemsfloeistof]]fen (en dêrmei [[reinheid (religy)|ûnrein]] wêze soene). Yn 'e lettere folkloare fan 'e [[Westerske wrâld]] spile de [[sirene (mytysk wêzen)|sirene]] in soartgelikense rol as de sukkubus.
 
De hiele [[skiednis]] fan it [[kristendom]] en it moderne [[joadendom]] troch besochten [[preester]]s en [[rabbyn|rabbinen]] (lykas [[Hanina ben Dosa]] en [[Abaye]]) de macht te beheinen dy't sukkuby oer manlju hawwe soene. Net alle sukkuby waarden lykwols as folslein [[kwea]]daardich beskôge. Neffens [[Walter Mapes]], yn 'e [[satire]] ''De Nugis Curialium'' ("Kachelachjes fan Hôvelingen"), soe [[paus]] [[Sylvester II (paus)|Sylvester II]] (r. [[999]]-[[1003]]) in [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] ûnderholden hawwe mei in sukkubus dy't Meridiana hiet, en dy't him holp om syn hege [[amt (funksje)|amt]] yn 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] te berikken. Oan 'e ein fan syn [[libben]] soed er syn [[sûnde]]n [[bycht|opbychte]] hawwe en [[berou]]fol [[stoarn]] wêze.
 
==Fermogen ta fuortplanting==
Rigel 21:
 
==Wittenskiplike ferklearring==
De moderne wittenskip hâldt it derop dat ferhalen oer oanfallen fan sukkuby en ynkuby [[ynspiraasje|ynjûn]] binne troch [[sliepferlamming]], mooglik yn kombinaasje mei [[hypnagogy]]. Sliepferlamming is in wittenskiplik goed ûnderboud ferskynsel. Yn 'e [[REM-sliep]] wurdt de wurking fan it diel fan 'e [[harsens]] dat de beweging fan it [[minsklik lichem|lichem]] oanstjoert, ûnderdrukt, mei in foarm fan [[ferlamming]] as gefolch. De reden dêrfoar wurdt noch altyd net folslein begrepen, mar de measte saakkundigen geane derfan út dat it in [[evolúsjonêr]] ûntstien meganisme is dat foarkomme moat dat de dreamer de dingen yn 'e dream wier útlibbet. As dat proses fersteurd rekket, kin it liede ta [[sliepwanneljen]] en oar dreamdwaan, of, as oare uterste, [[sliepferlamming]], wêrby't de slieper noch in lyts skoftke hielendal of foar in diel ferlamme bliuwt nei't hy of sy wekker wurden is.
 
Hypnagogy is it hawwen fan [[gesichtsfermogen|fisuële]] en [[gehoar|auditive]] [[hallusinaasje]]s koart foar of ûnder it wekker wurden. Minsklike en bisteftige figueren komme, faak yn [[skaad|beskade]] of dizenige foarm, in soad foar yn sokke hypnagogyske hallusinaasjes. Der wurdt tocht dat dat in oerbliuwsel wêze kinne soe fan in âld [[ynstinkt]] om [[rôfdier]]en gewaar te wurden. In kombinaasje fan sliepferlamming en hypnagogy kin in tige [[eangst|bangmeitsjende]] [[ûnderfining]] wêze, en kombinearre mei it [[nacht]]lik [[tsjuster]] en eventueel mei in [[byleauwe|byleauwige]] ynstelling kin it net inkeld ferhalen oer sukkuby en ynkuby ferklearje, mar ek ferslaggen fan [[ûntfiering troch bûtenierdske wêzens|ûntfierings troch bûtenierdske wêzens]].