Special effects: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
'''''Special effects''''' ([[Ingelsk]] foar "bysûndere effekten"), soms [[ôfkoarte]] ta SFX of SPFX, binne optyske, meganyske, digitale of auditive techniken dy't ynset wurde yn [[film]]s, [[tillefyzje]], [[toaniel]] en [[fotografy]] om effekten te skeppen dy't gewoanwei net berikt wurde kinne. Ek wurde ''special effects'' wol brûkt as sokke effekten wol fia de gewoane wei berikt wurde kinne, mar as dat te djoer of te gefaarlik is. De earste 'film' mei ''special effects'' waard yn [[1857]] makke troch de [[Sweden|Sweedske]] filmpionier [[Oscar Gustave Rejlander]], dy't dêrfoar ferskillende stikjes fan tritich [[negatyf (fotografy)|negativen]] kombinearre.
 
Der binne ferskate soarten ''special effects''. Mei optyske (of fisuële, of fotografyske) techniken kinne film- en tillefyzjebylden en foto's sadanich manipulearre wurde dat se sjen litte wat de makker wol dat se sjen litte (wat hiel wat oars wêze kin as dat se oarspronklik wier sjen lieten). In foarbyld is it gebrûk fan in saneamd ''[[bluescreen]]'', wêrby't bylden opnommen wurde tsjin in neutrale eftergrûn, dy't neitiid ferfongen wurdt troch in oar (bewegend) byld of troch digitale [[animaasje]].
 
Fierders binne der meganyske effekten, lykas eksploazjes ([[pyrotechnyk]]), [[reekmasine]]s, ensfh., dy't direkt ûnder it filmjen ynset wurde. Ta einbeslút binne der ek noch lûdseffekten, dat keunstmjittich kreëarre of manipulearre lûden binne (bgl. fan [[tonger (ûnwaar)|tonger]], wapengekletter of fûstslaggen). Dizze lêste kategory ''special effects'' wurdt net inkeld yn films, op 'e tillefyzje en op it toaniel, mar ek wol op 'e [[radio]] brûkt, fral yn [[harkspul]]len. Ek wurde se ynset by [[kompjûterspultsje|kompjûter]]- en [[fideospultsje]]s.
 
{{boarnen|boarnefernijing=