Isaac Newton: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 13:
== Syn earste ûntdekkingen ==
[[Ofbyld:StatueOfIsaacNewton.jpg|thumb|right|200px|In byld fan Isaac Newton op de [[Universiteit fan Cambridge]]]]
Yn syn berteferbliuw [[Woolsthorp]] lei hy net allinnich de grûnslach foar differintsjaal en yntegraal rekkenjen mar begûn ek ynsichten te ûntwikkeljen oer de teory fan de universele swiertekrêft en die djipgeande ûntdekkingen oer ljocht. As studint wie Newton boeid troch it ferskynsel ljocht en wie fassinearre troch de [[sinne]]. Troch in gatsje yn ien fan de finsterlûken te meitsjen liet Newton in smelle ljochtstriel op de wite muorre fan syn wurkkeamer falle. Doe't hy in glêzen [[prisma (optika)|prisma]] yn de ljochtstriel sette makke it wyt op de muorre plak foar in heldere [[reinbôge]] fan kleuren. It “wite” ljocht fan de sinne wie troch it prisma yn alle kleuren fan de reinbôge feroare. Newton neamde de kleurebân op syn muorre [[spektrum]], in wurd út it [[Latyn]] dat “geastesferskynsel’ betsjut. Ek toande hy oan dat mei in twadde prisma de kleuren fan de reinbôge wer ta wite ljocht gearstald wurde koene. De sprieding fan de ferskillende kleuren fan wyt ljocht by brekking troch in prisma neame wy dispersy of kleureskifting. Newton ferklearre dizze dispersy troch oan te nimmen dat alle kleuren har eigen brekkingsyndeks hawwe. Hy publisearre syn ûnderfiningen yn 1672 mei de titel “New theory of light and colours’. Hy stjoerde it op nei de [[Royal Society]], in ferneamd Britsk genoatskip fan de beste wittenskippers. Syn publikaasje liede lykwols ta in skriftlike striid mei ûnder oare [[Robert Hooke]] en [[Christiaan Huygens]] dêr't hy net bliid om waard en syn wille om te publisearjen bedoar. Syn grutte wurk “Optics” publisearre hy dêrom pas yn 1704, neidat Hooke ferstoarn wie. Newton ferklearre ek de nei him neamde ynter- ferinsjeringen. Dat binne kleurde ringen om it kontaktplakt tusken twa suver op elkoar sluten trochsichtige oerflakten. Se ûntstean troch ynterferinsjes tusken de, op de oerflakte werom keatsende ljochtstrielen. For de dûbele brekking en de polarisaasje fan ljocht hie hy ek in ferklearring.
 
Yn 1667 gie Newton werom nei de universiteit fan Cambridge om syn stúdzje ôf te meitsjen. Isaac Barrw, in professor yn de wiskunde fan de universiteit, wie sa ûnder de yndruk fan de prestaasjes fan Newton dat doe't hy yn 1669 ûntslach naam om him oan de teology te wijen hy de oanbefelling die, de 27-jierrige Newton syn plak te jaan. En sa soe it gean. Syn earste kolleezjes gienen oer optika benammen oer de ûntdekkingen dy’t hy hie dien.