Wapen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L dizze side wat oardere: list mei wapens werombrocht ta de algemienste foarmen, sjoch dêr fierder. En fjildstrategyen en in harnas binne gjin wapens.
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Sabre bayonette carabine.jpg|thumb|Stek-, slach- en sjitwapens]]
{{Oar|it stik ark wêrmei't men in oar geweld oandwaan kin|wapen (betsjuttingsside)}}
In '''wapen''' is in stik [[ark]] dat brûkt wurdt om [[minske]]n en/of [[bist]]en te ferwûnjen en/of te deadzjen en om foarwerpen te skansearjen. It kin brûkt wurde foar [[oanfal]] of [[ferdigening]]. Al sûnt de ierste [[skiednis]] hawwe minsken wapens brûkt foar de [[jacht (aktiviteit)|jacht]], [[selsferdigening]] en [[oarloch]]sfiering. Wapens kommme foar yn alle soarten en mjitten. Se kinne tige ienfâldich en spotgoedkeap wêze, lykas in [[hout]]ene [[kneppel]] of in [[slinger]], mar ek [[technology|heechtechnologysk]] en rottekrûddjoer, lykas in [[krúsraket]] of in [[tank (wapen)|tank]]. Hast alle hurde, skerpe, stompe en swiere foarwerpen kinne as wapen brûkt wurde.
 
Ynsidinteel wurde aldendeiske foarwerpen omboud ta wapen, lykas in [[sjitbalpinne]], in [[sjitparaplu]] of in [[sjitkaaihinger]] dêr't in [[Kûgel (munysje)|kûgel]] mei ôffjurre wurde kin. Ek foarwerpen dêr't neat oan feroare is en dy't net bedoeld binne om as wapen brûkt te wurden, kinne faak wol as sadanich ynset wurde. In [[motorreau]] kin bgl. brûkt wurde om mei opsetsin te deadzjen, ferwûnjen troch [[oanriding]]. Sels minsklike lichemsdielen kinne as wapen brûkt wurde; dat wurde [[natuerlik wapen|natuerlike wapens]] neamd, en it brûken derfan wurdt oefene by [[selsferdigeningskeunst]]en en [[fjochtsport]]en. In soad [[bist]]e- en [[plant]]esoarten hawwe 'ynboude' wapens, lykas [[klau]]wen, [[giftosk]]en of al as net [[gif]]tige [[Angel (ynsekt)|angels]] en [[stikel]]s of [[toarnen]].