Hauk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+audio #WPWP
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 4:
[[Ofbyld:Accipiter gentilis 1672.ogv|thumb|right]]
[[Ofbyld:Accipiter gentilis - Northern Goshawk XC428983.mp3|thumb]]
De '''hauk''' (''Accipiter gentilis'') is in krêftige [[rôffûgels|rôffûgel]].
 
In folwoeksen hauk kin in lingte hawwe fan tusken de 49 - 66 sm. Hy hat koarte, brede [[wjukken]] en in lange, hast fjouwerkante [[sturt]]. In folwoeksen hauk hat in wite streek boppe it [[each]], in swarte krún en donkere [[Fear (fûgel)|fearren]] yn de earstreek. It fearrekleed fan in mantsje is boppe-oan brún en ûnderoan skierwyt mei tinne grize bannen. It wyfke is folle grutter mei boppe-oan in laaigriis nei brunich fearrekleed en ûnderoan griis mei tinne brunere bannen. In jonge hauk hat boppe-oan in brún fearrekleed en ljocht mei brune lingtestreekjes ûnderoan. Boppedat is de wite eachstreek minder opfallend.