Soldaat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
In '''soldaat''' (fan it [[Frânsk]]e ''soldat'') wie oarspronklik in [[kriich]]sman dy't tsjinne yn ruil foar útbetelling fan [[soldij]], yn tsjinstelling ta [[hearrige]]n dy't as kriichsman tsjinnen omreden fan [[lienstelsel|lienplicht]] of [[hearfeart]], of [[kriger]]s, dy't har taleine op [[oarloch]]fiering yn it ramt fan in [[stamme (folk)|tribale]] maatskippij of [[kultuer]]. Tsjintwurdich is in soldaat in [[militêre rang]] (yn [[Nederlân]] sprekt men by sokke lege rangen yn it militêre [[jargon]] fan [[stân (militêr)|stannen]]). In legere rang as soldaat is der net; de boppelizzende rang is dy fan [[korporaal]].
 
In soldaat yn [[oplieding]] hjit in [[rekrút]], en in âld-soldaat in [[feteraan]]. Soldaten komme foar by de [[lânmacht]] en de [[loftmacht]]. De ekwivalinte stannen by de [[marine]], de [[marinier]]smariniers en de [[maresjesee]] binne [[matroas (rang)|matroas]], [[marinier (rang)|marinier]], resp. [[maresjesee (rang)|maresjesee]]. Mei-inoar wurde dy saneamde ûngraduëarre stannen ek '''manskippen''' neamd. Sy fersoargje alle legere útfierende taken en binne ynsetber foar ûnderskate tsjinsten binnen de ienheid fan it kriichsmachtsûnderdiel dêr't se ta hearre.
 
==Gradaasjes==