Billboard (tydskrift): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 21:
[[File:Billboard01 FirstIssue.jpg|left|thumb|230px|De [[omslach]] fan 'e earste [[edysje]] fan ''Billboard'', út [[novimber]] [[1894]].]]
 
''Billboard'', dat letterlik "oanplakboerd" of "oankundigingsboerd" betsjut, is in [[wykblêd]] mei in [[oplaach]] fan 17.000 eksimplaren dat útjûn wurdt troch de [[Hollywood Reporter-Billboard Media Group]], in [[difyzje]] fan [[Eldridge Industries]]. It waard op [[1 novimber]] [[1894]] oprjochte yn [[Cincinnati (Ohio)|Cincinnati]], yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Ohio]], troch [[William Donaldson]] en [[James Hennegan]] as in [[fakblêd]] op it mêd fan [[poster|oanplakposters]]. Yn [[1900]] waard Hennegan troch Donaldson útkocht foar [[$]]500, wêrnei't de ynhâld feroare waard ta in soarte fan [[reklame]]blêd foar [[sirkus]]sen, [[merke]]n en [[fariëtee]]foarstellings. Teffens waard it brûkt as platfoarm om fia [[miny-advertinsje]]s berjochten oer te bringen oan merkefolk en reizgjende artysten.
 
Neigeraden dat de [[fonograaf]], de [[radio]] en letter de [[jukebox]] mear ynboargere rekke, likernôch mids [[tweintichste iuw]], begûn ''Billboard'' him mear ta te lizzen op muzyk. Tagelyk waarden oare ûnderwerpen ûnderbrocht by oare tydskriften, lykas it yn [[1961]] oprjochte ''Amusement Business'' foar sirkussen en merken. De [[redaksje]] ferfear yn [[1946]] nei [[Brighton (Ohio)]] en yn [[1948]] nei [[New York (stêd)|New York]]. Meitiid krige ''Billboard'', benammen troch syn hitlisten, de namme it toanoanjaande tydskrift fan 'e Amerikaanske [[muzyk]]yndustry te wêzen. Nei't Donaldson yn [[1926]] [[stoarn]] wie, waard it tydskrift oerdroegen oan ferskate [[generaasje]]s fan syn [[neiteam]], oant it yn [[1985]] ferkocht waard oan [[ynvestearring|privee-ynvestearders]]. Sûnt gie it ferskate kearen yn oare hannen oer, oant it yn [[2015]] eigendom fan Eldridge Industries waard.