Gesin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[File:Family Portrait.jpg|right|thumb|250px|In gesin mei twa âlden en trije bern.]]
In '''gesin''' of '''húshâlding''' is in beheinde ienheid fan [[minske]]n mei in nauwe [[besibskip]]sbân, dy't bestiet út teminsten twa folwoeksenen en ien [[bern (persoan)|bern]]. Twa folwoeksenen dy't [[houlik|troud]] binne of in relaasje hawwe en duorjend [[gearwenjen|gearwenje]], mar dy't gjin bern hawwe, wurde ornaris net as in gesin beskôge. De termen gesin en [[húshâlding]] wurde faak trochinoar brûkt, mar húshâlding is eins in breder begryp; in [[troud pear]] sûnder bern foarmet wol in húshâlding, mar is gjin gesin. Sels in [[allinnichsteande]] hat in eigen húshâlding. It gesin wurdt wol de 'hoekstien fan 'e [[maatskippij]]' neamd, benammen troch [[kristen-demokrasy|kristen-demokratyske]] [[politike partij]]en, dy't it stiftsjen fan in gesin ferbine oan [[kristendom|kristlike]] [[noarmen en wearden]]. In gesin is in dynamysk gehiel, wêrfan't de relaasjes tusken de leden feroarje neigeraden dat se âlder wurde.
[[File:Besibskip.PNG|left|thumb|450px|Besibskipsrelaasjes yn in [[famylje (besibskip)|famylje]].]]
 
==Gesinsopbou==
It moderne (Westerske) gesin bestiet út twa [[âldelju]] en ien of mear [[bern (persoan)|bern]]. Dêrby binne ferskate fariaasjes mooglik. Foarhinne wiene de âldelju fan tsjinstelde [[geslacht (sekse)|geslachten]], nammentlik in [[man (sekse)|man]], de [[heit]], en in [[frou]], de [[mem]]. Tsjintwurdich, en fral sûnt de ynfiering fan it [[homohoulik]], is in gesin mei twa heiten of twa memmen lykwols ek gewoan wurden. By de bern kin it om [[soan]]nen of [[dochter]]s gean, dy't inoars [[broer|bruorren]] of [[suster]]s binne. As der mar ien bern is, sprekt men fan in [[ienlingsbern]]. It trochsneed tal bern yn in gesin leit yn 'e Westerske wrâld likernôch om 'e 2,4 hinne. Foarhinne wiene de gesinnen folle grutter, faak mei mear as tsien bern. Redens dêrfoar wiene it legere opliedingsnivo fan 'e measte minsken en it dêrmei mank geande brekme oan [[seks]]uële kennis; de gruttere ynfloed fan [[religy|religieuze]] autoriteiten (dy't it stiftsjen fan grutte gesinnen oanmoedigen); en de ûnbeskikberheid fan [[foarbehoedsmiddel]]s.
 
In oar modern ferskynsel is it tanommen tal [[houlik]]en dat einiget yn in [[skieding (houlik)|skieding]]. As de houlikpartners bern hiene, en it gesin dus útinoar skuord wurdt troch de skieding, sprekt men fan in '''brutsen gesin'''. Faak trouwe neitiid ien of beide eardere houlikspartners op 'e nij, soms mei nije partners dy't sels ek earder troud west hawwe of eigen bern hawwe út oarsoartige eardere relaasjes. Op dy wize komt in '''gearstald gesin''' ta stân, wêrby't de bern út 'e eardere relaasjes fan 'e respektivelike houlikspartners inoars [[styfbroer|styfbruorren]] en [[styfsuster]]s wurde. Fan âlds wie it yn 'e Westerske [[kultuer]], dy't [[patriargaal]] ynsteld is, wenst dat bern de [[efternamme]] fan harren heit oernimme. Tsjintwurdich is dat net mear sa fansels as foarhinne, en is it ek mooglik dat se de efternamme fan 'ede mem of in kombinaasje fan beide krije. Soms wurde bern dy't net mear troch de [[biologyske âlden]] [[opfieding|grutbrocht]] wurde kinne, opfongen yn in [[pleechgesin]].
 
==Gesin en famylje==