Streaming media: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
'''Streaming media''' ([[Ingelsk]] foar "streamende media"; [[útspr.]]: ['stri:mɪŋ 'mi:dia], likernôch: "<u>strii</u>-ming <u>mii</u>-di-a") binne [[media]] dy't streekrjocht fia [[Kompjûter|kompjûter]]netwurken (lykas it [[ynternet]]) ferspraat wurde. Dat proses wurdt '''streaming''' of ek wol '''streamen''' (útspr.: ['stri:mən], likernôch: "<u>strii</u>-mun") neamd. It is in populêre [[distribúsje]]metoadedistribúsjemetoade by [[webcast]]s (útstjoerings oer it ynternet), by it besjen fan [[webfideo|webfideo's]] (bgl. op [[YouTube]]) of fan [[video-on-demand]] (bgl. fia [[Netflix]] of [[Disney+]]) en by it beharkjen fan [[muzyk]] (bgl. fia [[Apple Music]] of [[Spotify]]). By streaming wurdt oanhâldend in diel fan 'e data yn 'e buffer pleatst, sadat in programma op in [[mediaplayer]] ôfspile wurde kin. Dêrtroch kinne de ûntfongen media (fideo en audio) fuortendaliks konsumearre (besjoen en beharke) wurde troch de brûker, sûnder dat de hiele útstjoering dan al [[download]] is.
 
Yn bredere sin kin steld wurde dat streaming ek bûten it ynternet om ien fan 'e primêre distribúsjemetoaden fan media is, mei't de measte distribúsjemetoaden ynherint streaming (d.w.s. flechtich) of ynherint net-streaming (d.w.s. duorjend) binne. [[Radio]]- en [[tillefyzje]]-útstjoerings kinne bygelyks sjoen wurde as net-ynternetrelatearre foarbylden fan streaming media, wylst [[boek]]en, (papierrene) [[krante]]n en [[tydskrift]]en, [[dvd's]] en [[cd's]] foarbylden binne fan media dy't dúdlik net-streaming binne.
 
De Ingelske term "''streaming''", letterlik "streamend", ferwiist nei de oanhâldende stream fan data dy't by dizze distribúsjemetoade yn 'e buffer pleatst wurdt. It is yn dy sin it [[tsjinstelde]] fan it [[download]]en fan in [[kompjûterbestân|bestân]], wêrby't de brûker wachtsje moat oant er it hiele bestân op syn kompjûter ûntfongen hat foar't er der wat mei dwaan kin. Streaming media binne dus foar de brûker tiidbesparjend, mar oan 'e oare kant is it yn 'e regel net mooglik om streaming media te bewarjen troch se, lykas in download, op jins kompjûter te behâlden. As men der faker nei sjen en harkje wol, moat men sa'n bestân ynstee eltse kear wer op 'e nij streame, en is men dus ôfhinklik fan 'e [[webside]] dy't it bestân oanbiedt. As dy webside it bestân fuorthellet, stiet de brûker fierders mei lege hannen.
 
In oar minpunt oan streaming media is dat men in beskate [[bânbreedte]] nedich is om streaming media goed ôf te spyljen. Untbrekt foldwaande bânbreedte, dan sil it bufferjen fan 'e media it ôfspyljen fan 'e ynhâld net byhâlde kinne, en hat men te krijen mei skoftkes dat de media stilfalle sadat it bufferjen it ôfspyljen byhelje kin.