Crackstate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 5:
Yn likernôch [[1648]] hat [[Johannes Sytzes Crack]], [[grytman]] fan [[Aengwirden]] in nij hûs delsette litten, mar parten fan it âlde gebou waarden opnaam yn it nije. Crackstate is boud yn de betide en strange [[Barok (boustyl)|barokke styl]] fan [[Fryslân]]. De ûntwerper, [[Willem de Keyser]], hat it lykwols ek Amsterdamske ynfloeden meijûn.
 
It gebou hat in grêft rûnom. De brêge oer de grêft om de stins is fan [[1755]], neffens in ynmitsele stien. De poarte foar de brêge komt út de omkriten fan [[Hoarn (Noard-Hollân)|Hoarn]] en hat as jiertal [[1819]].
 
It pân waard yn [[1833]] ferkoft oan it Ryk en ferboud ta rjochtbank en finzenis. Mear as in iuw hat it in [[rjochtbank|"Rjochtbank fan earste oanlis"]] en in "Hûs fan Arrest" (finzenis) west. Doe't de rjochtbank yn 1923 opheft waard, bleau de kantonrjochter (de eartiidske Frederjochter) yn Crackstate sitting hâlden. Yn de Twadde Wrâldoarloch oefene de besetter in wier skrikbewâld út yn de finzenis. Mear as sechtich Nederlanners oerlibben har ferbliuw yn de finzenis net. De gemeente [[It Hearrenfean (gemeente)|It Hearrenfean]] hat it gebou sûnt [[1949]] yn besit en brûkt it sûnt [[1952]] as gemeentehûs.