Kleaster De Oliveberch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Keppeling Westergeast
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 3:
De omkriten fan Feankleaster binne yn de [[11e iuw|11e]] of [[12e iuw]] yn kultuer brocht. Yn de [[13e iuw]] stifte it kleaster fan de [[Norbertinen]] yn [[Dokkum]] yn dat gebiet it [[dûbeldkleaster]] De Oliveberch. It kleaster wurdt it earst neamd yn in stik fan [[1287]].
 
Troch [[Legaat|legaten]] groeide it kleaster oant likernôch 245 bunder. Ta dat gebiet hearde in [[Uthôf (kleaster)|úthôf]] yn de [[Westerbuorren (Kollumerlân)|Westerbuorren]] fan [[Westergeast (Kollumerlân)|Westergeast]]. By de kleastersplitsing gongen de mûntsen fan it kleaster nei dy úthof, wylst De Oliveberch oerbleau as kleaster foar aadlike jonkfroulju, de ''Norbertinessen fan [[Aldwâld]]''. It ''Mûntsehûs'' en it ''konvint feankleaster'' wienen ferbûn troch de Mûntsewei, dy't hieltiid noch bestiet.
 
It kleaster is yn [[1579]] ferlitten en yn [[1580]] kaam it kleaster, lykas alle kleasterbesit, oan de [[Steaten fan Fryslân]]. Wat der oer wie fan de lannen en gebouwen waard yn [[1644]] kocht troch [[Sjouck fan Fogelsangh]] en dy famylje [[Van Fogelsangh]] boude dêr [[Fogelsanghstate]].