Grutte Profeten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
De '''Grutte Profeten''' foarmje in ûnoffisjele ûnderferdieling fan guon [[bibel]]boeken fan it [[kristendom|kristlike]] [[Alde Testamint]]. Dêr wurde de folgjende boeken ta rekkene:
* ''[[Jesaja (bibelboek)|Jesaja]]''
* ''[[Jeremia (bibelboek)|Jeremia]]''
* ''[[Kleilieten]]''
* ''[[Ezechiël (bibelboek)|Ezechiël]]''
* ''[[Daniël (bibelboek)|Daniël]]''
 
De namme fan "Grutte Profeten" (noch syn wjergader, de ''[[Lytse Profeten]]'') hat wat mei de steat fan tsjinst fan 'e oangeande [[profeet|profeten]] nedich (en alhielendal net mei harren postuer), mar slacht inkeld op 'e lingte fan 'e teksten dy't harren namme drage. De [[joadendom|joadske]] Bibel, de ''[[Tenach]]'', hâldt in hiele oare folchoarder fan boeken oan en ferdielt de profeten yn 'e ''Neḇi'im Rišonim'', de ''Eardere Profeten'', en de ''Neḇi'im Aḥaronim'', de ''Lettere Profeten''. ''Jesaja'', ''Jeremia'' en ''Ezechiël'' falle dêrby dan ûnder de ''Lettere Profeten'', wylst de ''Kleilieten'' en ''Daniël'' hielendal net as profeten beskôge wurde, mar ûnder de ''Keṯuḇim'', de ''Geskriften'', yndield wurde.