Grutte Tsjerke (Flissingen): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Grutte- of Sint-Jabikstsjerke ''Grote- of Sint-Jacobkerk'' | ôfbylding = Vliss StJacob.jpg | ôfbyldingsbree..."
 
red
Rigel 39:
== Skiednis ==
[[File:Kerk en toren na de brand, inwendig - Vlissingen - 20243505 - RCE.jpg|thumb|left|250px|<center>''De útbaarnde tsjerke yn 1911''</center>]]
De tsjerke waard tusken 1308 en 1328 boud. Fan dy tiid datearret it ûnderste diel fan de tsjerketoer. De goatyske spits waard yn 1501 ferfongen troch in houten spits dy't op de hjoedeiskehjoeddeiske liket.
 
Troch in grutte brân yn 1911, ûnstien by reparaasjewurk yn it noardlik transept fan de tsjerke, baarnde de tsjerke folslein út. De spits fan de toer stoartte yn en kaam yn de tún fan de tsjerke telâne. By de brân gyngen njonken de ynrjochting ek de eartiidske oargels ferlern, wêrûnder it monumintale haadoargel út 1769.
Rigel 46:
 
== Ynrjochting ==
Yn de tsjerke leine ea 466 grêven, mar nei de brân bleau dêr mar in lyts tal fan in oer. De tsjerke hat noch ien epitaaf, acht roubuorden, wêrûnder dy fan Cornelis Lampsins en in grêfmonumint út 1780. It grêfmonumint is fan Daniël Octavus Barwell, immen dy't op de ''Woestduin'' reizge dy't skipbrekbreksloech.
 
Yn 1966 waard yn de stjerke it De Ruyterraam ynbrocht. Yn de tsjerke is [[Michiel de Ruyter]] doopt en troud.
Rigel 56:
De tsjerke is trije oargels ryk: it grutte Flentrop-oargel út 1968, it Slooff-koeroargel út 1971 en it mobile Klop-kistoargel út 2004.
 
It Flentrop-oargel ferfong in ynstrumint fan Van Dam, dat yn 1916 nei de brân fan 1911 oanskaft waard. It Van Dam-oargel rekke yn de Twadde Wrâldkriich skansearre en hie ek te lijen fan de [[Wettersneed fan 1953]]. Foar de grutte brân hie de tsjerke in oargel út 1769 fan Albertus fan Os út Flissingen. It alderearste oargel fan de tsjerke datearre lykwols út 1690. It gyng om lyts oargel fan de Flaamske oargelbouwer Cornelis Ramault. De Ingelske tsjerke yn it noardlik transept hie in eigen oargel, dat yn 1792 troch Frederik van der Weele út [[Middelburch (stêd)|Middelburch]] boud wie en troch de brân yn 1911 ferneatige waard.
 
== Keppeling om utens ==