Boppekast: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 3:
It boppekastskrift komt út de tiid fan de [[Romeinen]] foar it begjin fan de Gregoriaanske jiertelling. Op in soad plakken binne teksten te finen, bygelyks de [[Pylder fan Trajanus]]. De oarsprong giet noch fierder tebek nei it [[Gryksk alfabet]].
De Romeinske haadletters bleaune iuwenlang bewarre yn de ynskripsjes yn stien, grêven en oare monuminten. Yn de tiid fan de [[Renêssânse]] waarden fannijs de âlde foarbylden wer brûkt sa as troch bygelyks de Fenesjaanske lettersnijers.<br/>
De namme ''boppekast'' komt út de tiid dat letters fan [[lead (elemint)|lead]] brûkt waarden om teksten te printen. De letter fan in hichtemaat waard ornaris yn twa laden fan in [[letterkast]] opburgen. Yn it boppeste laad sieten de haadletters yn en it ûnderste laad hie de lytse letters. Sadwaande waard de namme ''boppekast'' ek de namme fan ''haadletter'' en ''ûnderkast'' fan ''lytse letter''.<br/>
 
De folgjende alfabetten brûkten boppekast: