Subtraktive kleurminging: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 3:
'''Subtraktive kleurminging''' is in proses foar it mingen fan ferskillende [[kleur]]en. Dizze soarte fan kleurminging ûntstie troch selektive [[absorpsje (natuerkunde)|absorpsje]] fan it [[wyt|wite]] [[ljocht]] troch ien of mear ferskillende [[kleurstof]]fen. Dy kleurstoffen kinne as lytse dieltsjes trochinoar mongen wêze, lykas by [[ferve]] of [[inket]], of se kinne yn opinoar folgjende transparante lagen sitte, lykas by [[filter (optika)|filters]] foar bygelyks [[teäterbeljochting]].
 
De term 'subtraktyf' komt út it [[Latyn]]: ''subtrahere'' betsjut "ôflûken". By subtraktive kleurminging wurdt begûn mei [[wyt]], en dêr wurde [[primêre kleur]]en ôfhelle. Dat is krekt it [[tsjinstelde (taalkunde)|tsjinstelde]] proses fan [[additive kleurminging]], wêrby't [[ljocht]] fan ferskillende kleuren mongen wurdt troch mei neat ([[swart]]) te begjinnen en dêrby op te tellen.
 
==Primêre kleuren by subtraktive kleurminging==