Emoasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red + oanfolling
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Bs
Rigel 4:
Los fan 'emoasje' as oerkoepeljend begryp wurde ek ûnderskate emoasjes mei datselde wurd oantsjut. Foarbylden fan emoasjes binne [[argewaasje]], [[begrutsjen]], [[belangstelling]], [[berou]], [[bleuens]], [[blydskip]], [[eangst]], [[entûsjasme]], [[ferachting]], [[ferheardens]], [[ferlegenheid (tastân)|ferlegenheid]], [[fernedering (emoasje)|fernedering]], [[fernuvering]], [[fertriet]], [[fertrouwen]], [[ferûntweardiging]], [[frustraasje]], [[geniet]], [[grutskens]], [[haat]], [[hertstocht]], [[hoop]], [[iensumens]], [[jaloerskens]], [[klinyske depresje|depressiviteit]], [[leafde]], [[leedfermaak]], [[leffens]], [[lijen]], [[lokkigens]], [[lulkens]], [[lust]], [[moed]], [[nijsgjirrigens]], [[noed]], [[panyk]], [[razernij]], [[selsfertrouwen]], [[senuweftigens]], [[skamte]], [[skok (emoasje)|skok]], [[spyt]], [[tagedienens]], [[tankberens]], [[teloarstelling]], [[walging]], [[wanhoop]] en [[wille]]. Sokke emoasjes wurde oproppen as men in beskate [[ûnderfining]] hat dy't fuorkomt út in sitewaasje dêr't men yn pleatst is. Neffens de wittenskip binne sokke gefoelens [[evolúsjeteory|evoluëarre]] yn 'e foarm fan motivaasjes foar feroarings op it mêd fan hâlden en dragen, dy't bydroegen oan it oerlibjen fan 'e [[minske]], doe't dy [[soarte]] noch 'yn it wyld' libbe.
 
Emoasjes binne kompleks. Neffens guon wittenskiplike teoryen binne se ferskillende steaten fan [[gefoel (mentaal)|gefoel]], resultearjend yn [[minsklik lichem|fysike]] en [[psychology]]ske feroarings, dy't ynfloed útoefenje op jins [[hâlden en dragen]]. De [[fysiology]] fan emoasjes is nau besibbe oan it prikjen fan it [[senuwstelsel]], wêrby't de sterkte fan 'e prikels ferbân hâldt mei ferskillende emoasjes. Emoasje hat ek te krijen mei mentale [[eigenskip]]pen dy't ta utering komme yn jins [[hâlden en dragen]]: [[ekstroversje|ekstroverte]] lju sille earder harren emoasjes blike litte, wylst [[yntroversje|yntroverte]] minsken harren emoasjes faak ferbergje. Dat stiet dan sydlings wer yn ferbân mei it feit dat ekstroverte lju oer it algemien hiel [[sosjalisearjen|sosjaal]] binne, wylst yntroverte lju ornaris mear in sosjaal weromlutsen bestean liede. Emoasje is faak de driuwende krêft efter [[motivaasje]], oft dy no posityf of negatyf is. Guon psychologyske teoryen wolle lykwols hawwe dat emoasjes net de oarsaken fan sokke motivaasje binne, mar inkeld in ûnderdiel derfan.
 
De ûnderdielen fan emoasjes binne û.o. [[subjektiviteit|subjektive ûnderfining]], [[kognysje|kognitive prosessen]], ekspressyf en ynstruminteel [[hâlden en dragen]] en [[psychofysiology]]ske feroarings. Foarhinne besochten ûndersikers emoasjes te identifisearjen mei ien fan dy ûnderdielen: bgl. [[William James]] mei subjektive ûnderfining, [[gedrachswittenskip]]pers mei hâlden en dragen, en [[psychofysiology|psychofysiologen]] mei [[fysiology]]ske feroarings. Resintere teoryen wolle hawwe dat emoasje feroarsake wurdt troch al dy aspekten. It [[wittenskiplik ûndersyk]] nei it ferskynsel 'emoasje' is sûnt likernôch [[2000]] sterk tanommen. Dêrby leverje ferskate tûken fan 'e wittenskip bydragen, lykas de [[psychology]], [[sosjology]], [[neurowittenskippen]], [[endokrinology]], [[genêskunde]], [[historiografy]] en [[ynformatika]]. De withoefolle teoryen dy't besykje de oarsprong, [[neurobiology]], ûnderfining en funksje fan emoasjes út te lizzen, hawwe inkeld laat ta noch yntinser ûndersyk.