Malaysia Airlines: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Minorax (oerlis | bydragen)
L (GR) File renamed: File:9M-MLJ Boeing B737 Malaysia Airlines (7921465362).jpgFile:9M-MLJ Boeing 737 Malaysia Airlines (7921465362).jpg rename criterion 3 Boeing aircrafts either go by Boeing 7X7 or B7X7, Boeing B7X7 is not the correct usage
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 27:
Yn [[2014]] kaam Malaysia Airlines ferskate kearen negatyf yn it nijs. Op [[8 maart]] fan dat jier feroare nammentlik [[Malaysia Airlines-flecht 370]] (MH370), mei oan board 239 minsken, op in lineflecht fan [[Kuala Lumpur]] nei de [[Sina|Sineeske]] haadstêd [[Peking]] ûnder noch altyd net opheldere omstannichheden koart nei it opstiigjen fan koerts, fleach oerenlang de ferkearde rjochting út en ferdwûn úteinlik boppe de [[Yndyske Oseaan]], dêr't it tastel mei oan wissichheid grinzgjende wierskynlikheid yn see stoarte. Dêrnei waard op [[17 july]] [[Malaysia Airlines-flecht 17]] (MH17), ûnderweis fan [[Amsterdam]] nei [[Kuala Lumpur]], boppe oarlochsgebiet yn 'e eastlike [[Oekraïne]] foar in militêr [[transportfleantúch]] oansjoen en troch [[Ruslân|pro-Russyske]] rebellen delsketten, wêrby't alle 298 ynsittenden om it libben kamen.
 
Hoewol't Malaysia Airlines foàr 2014 te boek stie as ien fan 'e feilichste loftfeartmaatskippijen fan 'e wrâld, kaam it bedriuw troch dizze twa swiere ferliezen efterinoar op in minne namme te lizzen, en fan gefolgen boazen de al besteande finansjele swierrichheden oan. Dêrom makke it Maleizyske regear, dat fia it [[fûns (organisaasje)|fûns]] [[Khazanah National]] foar 69,4% eigner fan 'e nasjonale loftfeartmaatskippij wie, yn [[augustus]] [[2014]] bekend dat it fan doel wie en keapje alle lytsere oandielhâlders út. Mei dizze [[nasjonalisaasje|renasjonalisaasje]] moast Malaysia Airlines beskerme wurde tsjin in [[bankrot]].
 
==Keppelings om utens==