Publyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + foto
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Batsheva theater crowd in Tel Aviv by David Shankbone.jpg|right|250px|thumb|It publyk by in evenemint yn [[Israel]].]]
It '''publyk''' (gjin [[meartal]]sfoarm) is in term dy't ornaris ferwiisd nei alle [[persoan]]en dy't nei in barren of [[evenemint]] [[gesichtsfermogen|sjogge]] of [[gehoar|harkje]]. Dêrfoar hoecht men der net fysyk by oanwêzich te wêzen, want yn 'e bredere sin hearre lju dy't thús nei de [[tillefyzje]] sjogge, ek ta it publyk fan in [[tillefyzjeprogramma]]. In [[publykspriis]] is in [[priis (ûnderskieding)|priis]] dy't útrikt wurdt op basis fan in stimming ûnder de leden fan it publyk (yn tsjinstelling ta de kar fan in [[sjuery|faksjuery]]). De winner fan sa'n priis wurdt wol de publyksfavoryt neamd.
 
It [[wurd]] 'publyk' komt út it [[Latyn]], fan ''publicus'' (komt ek foar as ''poplicus''), dat "it folk" betsjut. Yn [[public relations]] en [[kommunikaasjekunde]] wurdt mei 'publyk' ferwiisd nei in beskate [[doelgroep]]. As [[eigenskipswurd]], ta einbeslút, is 'publyk' [[synonym]] mei 'iepenbier', lykas yn 'e begripen [[publike wurken]] of [[publyk besit]].