Helen Duval: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 18:
 
==Libben en karriêre==
Duval waard yn [[1965]] as Bernadette Heesink-Friebel [[berne]] yn it [[Noard-Hollân|Noardhollânske]] [[Edam]]. Hja sette mei har [[karriêre]] yn 'e [[porno]]yndustry útein as [[kollumn]]skriuwster foar it Nederlânske [[pornoblêd|pornobledsje]] ''[[Tuk (tydskrift)|Tuk]]''. Oan har [[kollumn]]s, dy't se skreau ûnder de namme 'Helena', foege se [[erotyk|eroatyske]] [[foto's]] fan harsels ta, dy't geandewei eksplisiter waarden. Uteinlik makke se yn [[1993]], doe't se 28 [[jier]] wie, har [[debút]] yn in [[pornografyske film]]. Dat wie nei't se yn 'e kunde kommen wie mei de [[Dútslân|Dútske]] [[produsintfilmprodusint|pornoprodusint]] [[Hans Moser]] (better bekend ûnder syn artystenamme [[Sascha Alexander]]). Foar har nije [[karriêre]] as [[pornoaktrise]] naam se de [[skûlnamme]] 'Helen Duval' oan, om't dat ynternasjonaler klonk.
 
Duval har trochbraak as [[pornostjer]] kaam yn [[1994]] mei har optreden yn ''Private Video Magazine #7''. Neffens de [[Internet Adult Film Database]] (IAFD) spile se dêrnei yn in sechstichtal films, yn it foarste plak foar [[Jeropa|Jeropeeske]] [[filmstudio|labels]] as it [[Sweden|Sweedske]] [[Private (filmstudio)|Private]], it [[Dútslân|Dútske]] [[Sascha Alexander Productions]] en [[Sarah Young Communications]] en it [[Nederlân]]ske [[Video Art Holland]]. Se wie lykwols ek wol yn 't spier foar [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[filmstudio|studio's]] as [[VCA Pictures]], [[Anabolic Video]] en Blue Coyote Pictures. Har lêste [[rol]] hie Duval yn 'e film ''Ice & Fire'', út [[2003]]. Njonken har aktearwurk wie se ek aktyf as [[produsinte]] en [[regisseur]] fan guon pornofilms mei har eigen studio [[Helen Duval Entertainment]].
 
==Lichemsskaaimerken==