Preproduksje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 11:
De folgjende stap is it meitsjen fan in [[draaiboek]]. Yn it draaiboek is útwurke wannear't de opnamen fan hokker sênes plakfine sille. Sênes wurde nammentlik net opnommen neffens harren folchoarder yn 'e film of it programma. As bygelyks sêne 1, 3 en 8 yn deselde keamer spylje, dan is it [[logistyk]] folle handiger om dy trije sênes efterinoaroan op te nimmen, op deselde opnamedei as dat mooglik is, en dêrnei fierder te gean mei bygelyks sêne 2. Soms wurdt tagelyk mei it draaiboek ek in [[storyboard]] makke. Dat is in samling nûmere [[tekening|sketsen]] of [[foto's]], dy't elts ien [[shot (sinematografy)|shot]] fertsjintwurdigje. Ofbylding 4.3 is dan it trêde shot fan sêne 4.
 
Tagelyk mei it finalisearjen en útwurkjen fan it senario wurde ek lokaasjes, [[filmset|set]]s en [[dekôr]]s socht, regele of makke, en de beskikberheid fan [[rekwisyt|rekwisiten]], [[kostúm]]s en oare nedichheden wurdt bewurkmastere. Tsjin 'e ein fan 'e preproduksjefaze wurdt der yn 'e regel in saneamde ''[[read-through]]'' fan it senario holden, wêrby't de [[regisseur]] en alle leden fan 'e [[cast]] dy't [[tekst]] hawwe, oanwêzich binne, en faak ek de [[kameraregisseur]], [[produksje-ûntwerper]] en alle oare ôfdielingshaden, de [[produsintfilmprodusint|produsint(en)]], de [[sponsor|finansiers]], en de [[public relations|p.r.-lju]]. As in produksje mar net fierder rekket as de preproduksjefaze en dêr jierren- of soms wol [[desennia]]lang yn hingjen bliuwt, seit men wol dat sa'n produksje fêstsit yn 'e [[preproduksjehel]].
 
==By muzyk==