Michael Berk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 11:
| etnisiteit =
| regionale identiteit =
| wurksum as = [[produsintfilmprodusint]], [[senarioskriuwer]]
| bekendste produksje(s) = [[Baywatch (tillefyzjesearje)|''Baywatch'' (tillefyzjesearje)]] <br>''[[Baywatch Nights]]'' <br>[[Baywatch (film)|''Baywatch'' (film)]]
| jierren aktyf =
| prizen =
| webside =
}}
'''Michael Berk''' (folút: Michael Jerome Berk; 19??) is in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[produsintfilmprodusint]] en [[senarioskriuwer]]. Hy wurke yn [[1980]] mei [[Douglas Schwartz]] gear oan 'e [[tillefyzjefilm]] ''The Last Song'', dêr't se yn [[1981]] foar nominearre waarden foar de [[Edgar Allan Poe Award]] yn 'e [[kategory]] bêste tillefyzjefilm of [[minysearje]]. Yn [[1983]] wiene Berk en Schwartz as [[senarist]]en belutsen by de [[tillefyzjesearje]] ''Manimal''. Ek ûntwikkelen se de searje ''The Wizard'' ([[1986]]-[[1987]]), dêr't Berk boppedat as senarioskriuwer en ko-produsint yn behelle wie.
 
It bekendst waard Berk lykwols mei de [[aksjesearje]] ''[[Baywatch (tillefyzjesearje)|Baywatch]]'', dy't yn [[1989]] op [[NBC]] foar it earst op 'e Amerikaanske [[tillefyzje]] kaam. Dy rige waard lykwols nei ien [[seizoen (omrop)|seizoen]] al stopsetten, ek om't er it net geweldich die, mar fral om't de produsearjende [[tillefyzjestudio]], [[GTG Entertainment]], opdoekt waard. Mei't se fûnen dat de searje potinsje hie, rjochten Berk, syn beide mei-produsinten [[Douglas Schwartz]] en [[Gregory J. Bonann]], en [[haadrolspiler]] [[David Hasselhoff]] doe út eigen middels de tillefyzjestudio [[The Baywatch Company]] op, dêr't se de searje nij libben mei ynbliezen. Neitiid rûn ''Baywatch'' noch tsien seizoenen, oant en mei [[2001]]. Fan it twadde seizoen ôf, dat útstjoerd waard yn [[syndikaasje]], ûntpopte ''Baywatch'' him ta in ûnbidich súkses, oant de searje wrâldwiid op in stuit troch mear as in miljard sjoggers folge waard.