Wringe (rêchbonke): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Fierders bêst genôch, Bloksma, mar der bestiet ferskil tusken 'kinne' en 'kenne', ek al wurdt it itselde útsprutsen.
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 12:
De nammejouwing foar de yndividuële wringen wurdt yn medysk jargon ôfkoarte ta C<sub>1-7</sub> (C foar ''cervix'', dêr't "servikaal" fan ôflaat is); T<sub>1-12</sub> (of Th, foar ''thorax''); L<sub>1-5</sub>; en S<sub>1-5</sub>. Sa sjocht de wringe derút by 99,9% fan alle minsken; yn útsûnderlike gefallen komt der wolris in (ynkomplete) achtste nekwringe of sechsde mulwringe foar. Yn totaal binne der ornaris dus 31 wringen yn it minsklik lichem. [[Kat]]ten en [[hûn]]en hawwe der 50-53, [[hynder]]s 50-58 en [[ko|kij]] 49-51. Dat de minske yn ferhâlding mar sa'n bytsje wringen hat, kin foar in wichtich diel ferklearre wurde út it feit dat wy gjin [[sturt]] mear hawwe.
 
Troch de holle foarm fan 'e wringen en om't se opinoar steapele binne, ûntstiet der in tunnelfoarmige iepening fan 'e [[stút (lichemsdiel)|stuten]] oant de [[nekke]] dy't it [[wingekanaal]] of ''canalis vertebralis'' neamd wurdt. Dêryn befynt him it [[rêchpiid]] (''ruggenmerg''). De funksje fan 'e wringen is trijefâld. De hiele rêchbonke mei-inoar draacht it gewicht fan it minsklik lichem en makket troch syn fleksibiliteit de frije beweging dêrfan mooglik. Mar like wichtich is de beskerming fan it rêchpiid, dat as [[senuw]]sintrum in krúsjale rol ferfollet by de bestjoering fan it lichem.
 
==Foarm==