Fenysjers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 27:
 
== Rome ==
De supremasy fan it iere [[Romeinske Ryk|Rome]] oer [[Kartago]] begûn mei de oerwinning op [[Hannibal Barkas|Hannibal]] yn de [[Twadde Punyske oarloch]]. De Romeinske senator [[Kato de Aldere|Kato]] ([[234 f.Kr.|234]] - [[149 f.Kr.]]) fûn it gefaar fan Kartago, nettsjinsteande de behelle oerwinning, noch hieltyd sa grut dat er by alle redefieringen foar de Romeinske senaat einige mei te sizzen: "Fierders bin ik fan betinken dat Kartago ferwoaste wurde moat" (''Ceterum censeo Carthaginem esse delendam'').
 
Neidat Kato syn sin krigen hie yn [[Tredde Punyske oarloch]], wêryn Kartago folslein ferwoaste waard, waarden ek ien foar ien alle stêdsteaten fan [[Grikelân]], [[Egypte]], [[Syrje]] en [[Lyts-Aazje]] ûnderwurpen. Dêrmei kaam ek Fenysje, dat ûnder Syrje foel, ûnder Romeinsk bewâld ([[150 f.Kr.]]). Lykwols bleau Fenysje yn de Romeinske tiid relatyf wolfarrend. Dat soe sa bliuwe oant en mei de komst fan [[islam]] nei de regio sa om-ende-by [[680]]. Sûnt dy tiid begjint stadichoan it ferfal yn te treden.
 
== Utfinings dy't oan de Fenysjers taskreaun wurde ==