Opperhaad (VOC): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
In '''opperhaad''' wie yn 'e tiid fan 'e [[Feriene Eastyndyske Kompanjy]] (VOC) in bestjoerder fan in gebiet of in [[faktorij]]. It amt wie kwa funksje-omskriuwing ferlykber mei dat fan [[kommandeur (bestjoersfunksje)|kommandeur]], [[direkteur]] of [[gûverneur]], allinne hie in opperhaad in wat legere status. Trochinoar tsjinnen opperhaden sa'n twa oant fjouwer jier op harren post. Yn 'e VOC-fertsjintwurdiging op it [[Japan]]ske [[eilân]] [[Desjima]] mocht in opperhaad fan 'e Japanske oerheid lykwols net langer as ien jier tsjinje. Faak foarme it amt fan opperhaad in opstapke nei in hegere funksje. Behalven op Desjima kamen opperhaden fan 'e VOC foar yn [[Birma]], [[Siam]], [[Hanoi|Tonkin]] en op [[Timor]]. Ek de faktorij [[Fort Lijdzaamheid (Mozambyk)|Fort Lijdzaamheid]], dy't koarte tiid op 'e kust fan it hjoeddeiske [[Mozambyk]], yn [[East-Afrika]] fêstige wie, waard laat troch in opperhaad.
 
{{boarnen|boarnefernijing=