Fisfliet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Tsss...
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Map - NL - Zuidhorn - Wijk 01 - Buurt 02 Visvliet.svg|thumb|right|''Lizzing Fisfliet yn de gemeente Zuidhorn'']]
[[Ofbyld:Visvliet -hervormde kerk - zijzijde.jpg |thumb|Herfoarme[[Sint-Gangulfustsjerke tsjerke(Fisfliet)|Sint-Gangulfustsjerke]]]]
[[Ofbyld:Visvliet - gereformeerde kerk.jpg |thumb|Grifformearde tsjerke]]
[[File:Hilmahuistermolen 2.jpg|thumb|Hilmahústermole]]
Rigel 11:
It doarp Fisfliet waard earne yn de [[13e iuw]] stifte fan de muontsen fan it kleaster yn it hjoeddeiske [[Gerkeskleaster]]; hja foltôgen yn 1249 in dyk fan [[Scharnehuizen]] nei Fiskfliet, dy't in tûke fan de [[Lauwerssee]] ôfsleat. De Lauwerssee hie him yn de foarlizzende twa iuwen sterk útwreide. Der waard by Fisfliet in ûntwetteringsslûs boud.<ref>[http://home.scarlet.be/~ijpelaan/Kennemerland/Lex-Laubach.html]; De geografie van de ‘Lex Frisionum’: 2. Laubach;Archief IJpelaan; 9 maaie 2004; sjoen 22 juny 2007</ref>
 
Yn 1370 stiften de muontsen dêr in tsjerke ta eare fan de hillige [[Gangulfus]]. Yn [[1387]] moast dy tsjerke ûntromme wurde nei in oerstreaming. Yn [[1427]] waard in nije [[Sint-Gangulfustsjerke (Fisfliet)|Sint-Gangulfustsjerke]] boud op itselde plak. De tsjerke is yn 1973 folslein restaurearre.
 
Fisfliet hat lang in seehaven en drok hannelsplak west, mar ferlear dy posysje troch tichtslykjen fan de slinke dêr't it oan lei. De kleastergrûn fan Fisfliet kaaam nei de [[byldestoarm]] en it ferjeien fan de Spanjerts yn [[1581]] yn de [[Slach by Fisfliet]] (yn de [[Tachtichjierrige Kriich]]) oan de provinsje Fryslân om't it grinsgebiet wie. Lykwols wurdt it karspel Fisfliet al yn [[1637]] oan Grins ferkocht út reden fan jildkrapte fan it provinsjebestjoer. Oant [[1795]] wie der in dûanepost, anneks tolhûs, by it doarp, dêr't guod foar Fryslân op fergunnings kontrolearre waard en dêr't tol bard waard.<ref>[http://www.bdk.rug.nl/medewerkers/j.riezebos/grijpskerkeo/Default.asp?page=5x0x1, De hervormde kerk van Visvliet; sjoen 22 juny 2007, J. Riezebos]</ref>