Katjûsja (raketsmiter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
[[File:RIAN archive 303890 A battery of Katyusha during the 1941-1945 Great Patriotic War.jpg|thumb|left|In [[Batterij (militêr)|batterij]] Katûsjka-raketsmiters ûnder de [[Slach om Stalingrad]]]]
[[File:Katyusha launcher rear.jpg|thumb|In BM-13 Katûsjaraketlansearder op in ZIS-6 wein]]
[[File:Katjuscha 1938 Moscow.jpg|thumb|Katjûsja-batterij op in Studebaker US6]]
[[File:RIAN archive 303890 A battery of Katyusha during the 1941-1945 Great Patriotic War.jpg|thumb|In [[Batterij (militêr)|batterij]] Katûsjka-raketsmiters ûnder de [[Slach om Stalingrad]]]]
'''Katjûsja''' ([[Russysk]]: ''Катюша'') is de oantsjutting foar twa typen [[Raket (wapen)|raketwapens]] en harren mobile lansearynstallaasjes. Dy raketsmiter waard makke yn de [[Sovjet-Uny]] yn de [[Twadde Wrâldoarloch]]. Om reden fan it lûd fan de raketten, de likenis mei de pipen fan in oargel en meidat [[Jozef Stalin]] doedestiids de lieder fan de Sovjet-Uny wie, krige it apparaat fan de Dútske soldaten al gau de bynamme '''stalinoargel'''.
 
Raketsmiters lykas dizze kinne flugger eksplosiven nei in doel bringe as konvinsjoneel geskut, mar binne lang sa sekuer net en it nimt mear tiid om se op 'e nij te laden. Se binne kwetsber ferlike mei artillery, mar binne goedkeap, maklik te meitsjen en brûkber op elts sjassy. De Katjûsja fan de Twadde Wrâldoarloch wie it earste selsridende artillery dy't massaal troch de Sovjet-Uny produsearre waard. Sy waarden meast op gewoane frachtweinen montearre, mar ek op [[Tank (wapen)|tanks]], skippen en skippentreinen. Dy mobiliteit joech de Katjûsja noch in foardiel: it leverje kinnen fan in grutte klap yn ien kear, en se dan te ferpleatsen ear't se lokalisearre wurden koene en mei tsjin-batterijfjoer oanfallen wurde koene.
 
Der wiene twa typen, de BM-8 (82mm) en BM-13 (132mm); BM stiet foar ''Bojevaja Masjina'' – gefjochtsapparaat.