Petrosomatoglyf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Scotland Dunadd 1.jpg|thumb|Dizze fuotprint yn in rots op [[Dunadd]], yn [[Argyll]], wurdt yn ferbân brocht mei de kroaning fan de Skotske keningen fan [[Dál Riata]].]]
[[File:Incisioni di impronte di piede - Foppe R 6 - Nadro (Foto Luca Giarelli).jpg|thumb|Fuotleasten by Foppe di Nadro (Itaaje)]]
In '''petrosomatoglyf''' is in ôfbyld yn in rots fan in diel fan it minsklik lichem of fan in bistelichem. De [[Kelten|Kelyske folken]], sa as [[Pikten]], [[Skotten]], [[Ieren (folk)|Ieren]], lju út Cornwall en [[Kumbria]], [[Bretanje]]rs en [[Wales|Welsh]] hawwe der in soad fan makke. Dy ôfbylden komme út de [[Iere Midsiuwen]]; oaren dêr't de bedoeling fan net dúdlik is geane werom op de tiid fan de megaliten. It wiene wichtge symboalfoarmen, dy't brûkt waarden yn religieuze en wrâldske seremoanjes, bygelyks de kroaning fan keningen. Guon wurde beskôge as [[Artefakt (archeology)|artefakt]]en dy't ferbân hâlde mei [[hilligen]] en helden út de [[folkloare]], lykas [[Kening Arthur]].
 
It wurd komt fan it [[Gryksk]]e ''πέτρα – petra'' ("stien"), ''σῶμα – soma'' ("lichem") en ''γλύφειν – glyphein'' ("kervje"). Fuotten wurde it meast ôfbyld, mar knibbels, earmtakken, hannen, hollen, fingers, ensafuorth., komme ek foar.