Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Alfêst
Rigel 2:
'''Kartago''' ([[Gryksk]]: Καρχηδών: Kargedon, fan [[Punysk]]e ''Kart-hadasht'', dat 'nije stêd' betsjut, [[Arabysk]]: قرطاج of قرطاجة‎, [[Latyn]]: ''Carthago'') wie in stêd yn de '[[âldheid]], tichtby it hjoeddeiske [[Tunis]] yn it gebiet dat troch de [[Romeinen]] [[Afrika]] neamd waard. De stêd lei oan de eastkant fan de mar Tunis, foar it sintrum fan de nije haadstêd fan [[Tuneezje]], [[Tunis]], oer.
 
Yn de [[Aldheid]] wie Kartago de haadstêd fan it Kartaachske Ryk, dêr't de ynwenners fan troch de Romeinen [[Púnjers]] ([[Latyn]]: ''Punici'') neamd waarden. Fan de [[fyfde iuw f.Kr.]] ôf waard it de machtichste hannelstêd yn it [[Middellânske See]]gebiet en waard yn de [[tredde iuw f.Kr.]] in grutte rivaal fan Rome. Nei de [[Punyske oarloggen]] waard Kartago yn [[146 f.Kr.]] troch de Romeinen ferwoastge en waard Kartagode stêd part fan de [[Romeinske provinsje]] [[Afrika (Romeinske ryk)|Afrika]]. Kartago waard troch de Romeinen wer opboud en it woeks út ta de twadde stêd fan it [[Romeinske Ryk]]. De stêd waard foargoed ferwoastge yn [[688]] n.Kr. by de islamityske oermastering fan de [[Magreb]].
 
De ruïnes fan Kartago lizze likernôch 10 kilometer beëastnoardeasteneastnoardeastlik fan [[Tunis]] en isinis in [[UNESCO]]-[[Wrâlderfgoed]].
 
== Namme ==
Rigel 13:
== Skiednis ==
=== Oarsprong ===
De stêd waard troch de [[Fenysjers]] stifte yn [[814 f.Kr.]] Guon skiedkundigen tinke dat it om [[725 f.Kr.]] west hawwe moattenmoat, om't it âldste diggelguod op dat jiertal datearre waard. Der waard lykwols ek âlder guod fûn, dus tinke de measte skiedkundigen oan dat de stifting earder wie. Kartago moast fan in lytse hannelspost ta in gruttere koloanje útwoeksen wêze.
 
Neffens in leginde waard Kartago troch prinses Dido út [[Tyrus]] stifte, dy't op 'e flecht wie.
 
Yn werklikheid wie it ien fan de ferskate hannelsposten dy't de Fenysjers yn it Middellânske Seegebiet stiften. Kartago ûntwikkele him hurd ta in wichtige seemacht yn it westlik bekken fan de [[Middellânske See]], dy't it allinne rjochtallinnichrjocht opeaske oer de seehannel.
 
=== Punyske Republyk ===
Nei't it Fenisyske heitelân tusken 550 en 500 f.Kr. ûnder ynfloed fan it [[Perzyske Ryk]] kaam, en [[Tyrus]] syn hannel beheind ta it eastlik Middellânske Seegebiet waard, ûntjoech Kartago him ta in wichtige seemacht yn it westlike Middellânske Seegebiet. In soad Fenisyske hannelskoloanjes kamen ûnder Kartaachsk bestjoer en dy stiften ek sels wer nije koloanjes. Ek op de Marokkaanske kust fan de [[Atlantyske Oseaan]] waarden hannelsposten stifte. Ek waarden der ekspedysjes útfierd oant de Britske eilannen en de [[Golf fan Guinea]] ta. [[Hanno de Seefarder]] spile dêrby in wichtige rôl en dy beskreau de lânseigen folken. Neffens guon skiedskriuwers reizge er om gâns [[Afrika]] hinne yn opdracht fan de [[farao]] fan [[Alde Egypte|Egypte]].
 
Kartago woe deit [[monopoalje]] fan de seehannel hawwe en KartaachsheKartaachske skippen lieten de skippen fan rivalen sinke dy't se yn harren "territoarium" oantroffen. De Kartagers waarden de konkurrinten fan de [[Magna Graecia|westlike Griken]] en der ûntstie in skeel oer Sisylje tusken dy twa, dat ta de [[Sisyljaanske oarloggen]] late. Gauris ferbûnen de Kartagers harren mei de [[Etrusken|Etruskyske stêdsteaten]] om sterker yn harren konkurrinsje mei de Griken te stean. Ynearsten libben Kartago en de opkommende [[Romeinske Republyk]] yn frede meiïnoar, mar troch it machtiger wurden fan Rome late dat ta rivaliteit mei Kartago. Ta einbeslút late dat ta de [[Punyske oarloggen]] (264-146 f.Kr.). De Kartagers waarden troch de Romeinen [[Púnjers]] neamd, dat ôflaat waard fan "Fenysjers".
 
=== De Punyske oarloggen ===
Rigel 34:
== Under Rome ==
[[Ofbyld:Carthage column.JPG|thumb|250px|Ruïnes fan Kartago]]
Nei de folsleine ferneatiging fan Kartago hie keizer Augustus de minsken ferbean har op 'e ruïnes tanei wenjen te settesetten, troch de gaadlike posysje hat er it ferbod gau opsein. De Romeinen bouden de nije stêd dy't op 'en nij de namme Kartago krige. De Púnjers settesetten har dêr krekt likegoed op 'en nij tanei wenjen op it plak fan harren foarfaars. Yn 'e rin fan de earste iuw n.Kr. woeks it tal ynwenners fan de stêd nei 500.000, en hat de twadde stêd fan it westlike Romeinske ryk west. Allinnich Rome hat mei 800.000 wichtiger en grutter west. Yn it kristlike tiidrek hat Kartago ferskate konsilys holden en trochdat biskop [[Augustinus]] fan Hippo hjir studearre hie bleau it in wichtich plak.
 
{{Koördinaten|36_53_12_N_10_18_53_E_type:city_scale:12500_region:TU|36° 53' 12" NB, 10° 18' 53" EL}}