Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 71:
Om de katedraal hinne woeks in nij plak en yn [[1919]] waard der in nije gemeente (''Commune'') [[Kartago (gemeente)|Kartago]] oprjochte.
 
Yn [[1920]] waard der yn de [[Mar fan Tunis]] it earste [[seefleantúchwetterfleantúch]] boud en yn [[1938]] waard it fleanfjild fan Tunis boud, dat jierliks sa'n 5800 passazjiers fan de fleanrûte Parys-Tunis betsjinne. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waard it fleanfjild troch de Amerikaanske loftmacht brûkt, benammen foar de tarieding fan de [[Italjaanske Fjildtocht (Twadde Wrâldkriich)|Italjaanske Fjildtocht]] yn [[1943]]. Mei it bouwen fan de [[Lofthaven Tunis-Kartago]], dat folslein troch Frankryk finansiere waard, waard yn [[1944]] úteinset en yn [[1948]] waard it de thúshaven fan [[Tunisair]].
 
Nei de [[Unôfhinklikens fan Tuneezje]] yn [[1956]], woeks de stêdekloft fan Tunis om it fleanfjild hinne en Kartago (قرطاج ''Qarṭāj'') waard in foarstêd fan Tunis, dat no it gebiet tusken Sidi Bou Said en Le Kram omfiemet. De gemeente hie yn 2013 21.276 ynwenners en lûkt benammen gegoede ynwenners oan. It presidinsjeel paleis, it Paleis fan Kartago (قصر قرطاج (Arabysk) en ''Palais présidentiel de Carthage'' (Frânsk) stiet oan de kust yn Kartago