Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 88:
=== Algemien ===
[[Ofbyld:Carthage National Museum representation of city.jpg|thumb|In moderne rekonstruksje fan it Punysk Kartago]]
Kartago waard op in natuerlike hichte tusken twa see-ynhammen boud en dat wie in strategysk plak foar de seehannel yn de [[Middellânske See]]. It lei op de hannelsrûte tusken [[Sisylje]] en de kust fan it hjoeddeistich Tuneezje. Twa grutte havens waarden yn de stêd boud, dêr't de iene haven in marinehaven, dy't 220 skippen hâlde koe, en de oare haven wie ornearre foar de seehannel. In wachttoer, dy't part fan de stedsmuorre wie, koe allebeide twahavenshavens oersjen. De stêd hie grutte muorren mei in totale lingte fan 37 km. Guon muorren stiene oan it wetter, dy't net sa grou wiene, mar de muorremuorren op de [[lâningte]] bewesten de stêd wiene sa sterk boud dat it ûnmooglik wie der trochhinne komme te kinnen.kommen.
 
Kartago wie ien fan de grutste stêden yn de [[Aldheid]] en fan it tiidrek fan foar de yndustrialisaasje. Dêr't Rome yn de earste iuw n.Kr. krapoan in miljoen ynwenners hie, hie Kartago yn dy tiid likernôch in heal miljoen ynwenners, en wie de twadde stêd yn it [[Romeinske Ryk]]. [[Aleksanderje]] en [[Antiochje]] wiene oare grutte stêden mei elts in pear hûnderttûzen ynwenners.
Rigel 95:
[[Ofbyld:Carthage.png|thumb|Plattegrûn fan Punysk Kartago foar de Tredde Punyske Oarloch yn 146 f.Kr.]]
[[Ofbyld:Carthage carte 1844.jpg|thumb|Kaart fan Kartago út 1844 mei de muorren en wichtichste Punyske en Romeinske bouwuken.]]
It Punysk Kartago waard ferparte yn fjouwer like grutte parten mei deselde yndieling; timpels, merken, riehûsriedhûs, tuorren, in teäter en in grutte [[nekropolis]]. Yn it midden fan Kartago stie in hege [[sitadel]], de ''Byrsa''. Om Kartago hinne stiene grutte fersterke murrenmuorren dy't wol 13 meter heech en 10 meter grou wiene.
 
Kartago hie in griemmank fan boustilen út ferskate kultueren en dy waarden trochinoar hinne boud. Letter kaam de arsjitektuer stadichoan ûnder Grykske ynfloed. DeIt merkplein (''agora'') waard tusken ''Byrsa'' en de haven boud. Dat wie it sintrale hannelsplak fan de stêd. DyDat plein hie njonken in merkefunksje ek in politike en religieuze funsje. Oan datit plein stiene alters en riehuzenriedhuzen en de hearskjende [[suffeet|suffeten]] hinehiene harren residinsje dêr ek. Ek wiene der oare lytsere pleinen oan de râne fan de stêd by de poarten boud. Der wiene lange, smelle, rjochte strjitten dy't op al dy pleinen útkamen. De wiken dêr't dy strjitten trochhinne rûnen waarden as ien hiel ûntwurpen. Troch de hichteferskillen waarden der treppen yn de strjitten oanlein, lykas de sechtich treppen dy't nei in wichtige timpel laten. De huzen wiene tige ienfâldich opset; it wiene fjouwer- of rjochthoekige blokken, dêr't de muorren fan mei kalkfervekalk ferve waarden. Yn it midden fan it hûs wie in binnenplak mei iepenloft. Letter feroare dat justjes, doe't de Grykske ynfloed grutter waard. Doe kamen der huzen mei rôze [[semint]] en stikjes moarmer deryn. Kartago hie ek heechbou, in soarte fan de hjoeddeistige flatgebouwen. Dy heechbou moast wol seis ferdjippings teldhân hawwe. Mar oer hoe't se derútder sjoenútsjoen hawwe, is fierder net folle bekend. TsjinOan de havens oan wiene pottebakkerijen en metaalferwurkingenwaard metaal fêstigeferwurke.
 
Der wiene ek timpels yn Kartago. Se wiene frij ienfâldich, want ûnder Egyptysk ynfloed kaam it idee dat de goaden in hûs nedich hiene. It wiene fierders gjin grutte hillichdommen. Troch hellenistyske ynfloed hie Kartago ek in ôffiersysteem fan goaten fanfoar ôffalwetter, lykwols net sesa sekuer as dy fan de Romeinen. De begraafplakken leine justjes bûten de stêd, fier fan de ûnderstêd. Dy tsjinnen as in soarte park en grutte grêfmonuminten kamen net folle foar.
 
Bûten de stedsmuorren fan Kartago wie der [[lânbou]]grûn (''Chora'') dy't ryk oan oliifbeammen, fruchtbeammen, grientetunen en nôtlân wie. De Punyske kultuer naam de lânbougewoantenlânboumetoaden fan de [[Fenysjers]] oer en pasten dy lykwols oan oan de pleatslike Afrikaanske tastân.
==== Havens ====