Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 136:
Neffens Mago wiene de lytsere lâneigeners de bêste produsinten. Mei ûnder oaren konsultaasje fan Mago, sa as bygelyks oer it lieden fan wurklju, koene se mei grutte ynspanning in goede opbringst witte te heljen. Se wiene gjin grutboeren, lykas guon eallju út de stêd, dy't filla's mei lân bûtenút hiene en dy't it buorkjen as in alternatyf fan harren saak yn de stêd seagen. Ek wie it plattelân dêr't stedslju gauris mei pensjoen giene.
 
De wurklju yn de lânbou waarden mooglik as in wurkersklasse sjoen almeast fan Berbersk komôf. It is net wis oft der Berberske lâneigeners njonken de Púnjers wiene, mar guon Berbers waarden al [[share-croppers]], dêrdy't hja wol oant de helte fan de opbringst ôfstean moasten. Slaven dy't foar it lânwurk brûkt waarden, wiene almeast kriichsfinzenen. Berbers dy't bûten Punysk bestjoer foelen, ferbouden nôt en fokten hynders op. Yn de stêdsteat Kartago wie de befolking sosjaal ferdield yn ferskillende etnyske groepen en ferskillende klassegroepen, sa as tusken hear en feint yn in [[feodaal stelsel]]. Dy ûngelikens op it plattelân luts it oantinkenomtinken fan mooglike fijannen, mar Kartago wist it sosjale ferskil foar in lange tiid baas te bliuwen.
 
De Kartagers hannelen in soad yn wyn en oliifoalje, dêr't de [[amfoara]]'s, dy't yn plakken om de Middellânske See hinne fûn waarden, tsjûge fan wiene. Kartaachske lânbouprodukten hiene yn de Aldheid in heech oansjen. Nei de Romeinske bemastering fan Kartago waard de nôtproduksje (weet en koarn) yn Afrika ferhege, mar foel letter yninoar troch konkurrinsje fan [[Romeinsk Egypte]]. Dêrnei waarden der om Kartago hinne fannijs mear oliif- en wynhôven opset. Romeinsk Afrika waard ek wol as de nôtskuorre fan it Romeinske Ryk sjoen.
Rigel 145:
[[Ofbyld:PhoenicianTrade.png|thumb|De Fenisyske hannelsrûtes]]
[[Ofbyld:218BCMAPMEDITERRANEAN.jpg|thumb|Tastân yn it Middellânske Seegebiet yn 218 f.Kr.]]
De keaplju wiene it wichtichste en it meast ferneamde part fan de Kartaachske maatskippij. Hja wiene suver de erfgenamten fan de FenusyskeFenysyske keaplju yn it westlik Middellânske Seegebiet en dus ek de erfgenamten fan de konkurinsje mei de Grykske keaplju. Syprus wie ien fan de earste plakken dêr't de kommersjele hannel oanmoedige en útdage waard. De Fenysjers lutsen hieltyd mear nei it westen ta, dêr't se nije hannelsposten stiften, lykas Utica en Kartago. De Griken folgen harren nei it westen ta en de konkurrinsje en de rivaliteit tusken harren giene dêrom ek gewoan troch. Lang om let late dat, benammen yn [[Sisylje]] ta oarloggen yn de folgjende iuwen. Hoewol't hannelsguod, dat troch de Griken makke waard, fan bettere kwaliteit wie, hannele Kartago nettsjinsteande dat yn gruttere hoemannichten hannelsguod. Dat kaam ta utering yn de [[Tredde Punyske Oarloch]]. doeDoe't de Romeinen Kartago belegeren, wist de stêd yn in koart skoftke tiid in grutte hoemannnichte kriichsark te meitsjen, mar it bliek dochs net genôch te wêzen om de Romeinske oermacht de baas te bliuwen.