Sake P. Roodbergen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Lotje (oerlis | bydragen)
→‎Atlas-Contact: Gielteistergroukopke --> Brúnoker groukopke
Rigel 44:
Op 24 maaie 2019 wurdt de sechsde Frysktalige natoergids ''Kevers'' presintearre. It earste eksimplaar wurdt op it Provinsjehûs yn Ljouwert troch Roodbergen oanbean oan de demisjonêre deputearre (foar û.o. de natoer) [[Johannes Kramer]] (FNP). It Friesch Dagblad (Ruurd Walinga, 11 maaie), Omrop Fryslân (24 maaie) en de Leeuwarder Courant (Cor de Boer, 31 maaie) besteegje rynsk oandacht oan it útkommen fan ''Kevers''. Ek de Siuwske fûgel-/natoerman Jako de Groot docht dat op syn eigen webside www.Visdief.nl, yn it Hollânsk. Begjin oktober 2019 set Roodbergen útein mei in sande Frysktalige natoergids. Underwerp is dizze kear de lânseigen beammen. Foar de foto's freget de natoerskriuwer de meiwurking fan IVN-koryfee Betty Kooistra-Woudsma fan Burgum. Foar de wittenskiplike ferantwurding skeakelt hy de beam- en boskekspert Bert Maes fan Utert yn (Ecologisch Adviesbureau Maes).
 
Yn maart fan it jier 2020 skriuwt Roodbergen mei oan it nije Hollânsktalige deiflinterboek -oer de deiflinters yn de provinsje Fryslân- dat op priemmen setten is troch de flinterwurkgroep yn de provinsje Fryslân. Hy skriuwt de soartbeskriuwingen fan de [[Nûmerflinter]] (Atalanta), de [[Deipau-each]], it [[Gintsiaanblaujurkje]], it [[Heideblaujurkje]], it [[GielteistergroukopkeBrúnoker groukopke]] (Geelsprietdikkopje) en de [[Grutte fjoerflinter]]. Yn desimber 2020 skriuwt Henk Minkes in ferhaal oer Roodbergen en syn belibbing fan it ljipaaisykjen yn it BFVW-tydskrift Vanellus; it wurdt û.o yllústrearre mei in foto fan him by in ljippenêst op it lân fan Thom de Groot ûnder Grou, mei in ientsje, en mei trije fan syn pakesizzers.
 
{{boarnen|boarnefernijing=