Sake P. Roodbergen

Sake Pieter Roodbergen (Grou, 16 maaie 1945) is in Frysk learaar, natoerbeskermer en -publisist.

Der moat in biezem troch dizze side helle wurde,
om de lêsberens te ferbetterjen.


Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen

* Tips foar it skriuwen fan in wikipedy-side kinne jo fine op Stikken skriuwe yn Wikpedia-styl.


Sake Roodbergen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sake Pieter Roodbergen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 maaie 1945
berteplak Grou
reg. identiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt learaar
aktyf as Natoerbeskermer,
publisist
reden
  bekendheid
Frysktalige natoergidsen

Libben en wurk

bewurkje seksje

Oant april 2001 joech Roodbergen Ingelsk en biologyles oan de iepenbiere Mafû yn Akkrum. Hy wie yn de mid-santiger jierren ien fan de gearstallers fan de biologymetoade De Ogen van de Natuur, mei Inne Heerma, Ytsen Kooistra (1940-2021), Pyt Laansma en Siep Muizelaar. Fan 1972 - 1997 wie Roodbergen bestjoerslid fan de Fûgelwacht Akkrum. Ein 1987 waard hy troch Gjalt de Groot, de foarsitter fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (de BFVW), frege om in sit te nimmen yn de BFVW-kommisje Beliedstarieding. De oanlieding wie in brief fan it Ministearje oangeande in nije fûgelwet, needsaaklik fanwegen de 'Europese Vogelrichtlijn', dy't yn april 1979 ta stân kaam. It foarstel fan it ministearje wie om it ljipaaisykjen yn Nederlân alhiel te ferbieden, mei útsûndering fan Fryslân. Dêr soe it noch tastien wurde oant 6 april. De BFVW-kommisje krige fan it haadbestjoer de opdracht om oan te jaan wêrom't it ljipaaisykjen lanlik bestean bliuwe moast en yn Fryslân oant en mei 12 april, de situaasje fan dat momint. Yn maart 1988 waard Roodbergen foardroegen en keazen yn it BFVW-haadbestjoer en yn july fan dat jier waard hy deistich bestjoerslid. Hy soe dat bliuwe oant maart 2001. Yn dy perioade hie hy it ljipaaisykjen yn syn portefúlje. De BFVW-beliedsline dy't útsetten waard hâlde yn it ljipaaisykjen yn de nasjonale wetjouwing fêst te lizzen, rekkenskip hâldend mei de trije Europeeske easken, fan selektiviteit, lytse oantallen en kontrôle. Dêrby ek rekkenskip hâldend mei de eask fan ôfhinklikheid fan de gasthear, de boer, fan tsjinstberens oan de greidefûgelbeskerming, en de eask fan de kwantiteit, kontinuiteit en kwaliteit fan de beskerming, de neisoarch. Fan de nasjonale oerheid waard frege de besteande wetjouwing (Vogelwet 1936) sadanich oan te passen dat dy't -lanlik- fasilitearjend nei dizze doelstellings wurde soe. Provinsjaal wie it BFVW-haadbestjoer wiis mei de stipe fan de provinsjale oerheid en fan de natoerorganisaasje It Fryske Gea. It slagget de BFVW net om de yn 1972 oprjochte Friese Mileufederatie achter har stribjen te krijen. Fan maart 1994 oant april 2008 wie Roodbergen ek de haadredakteur fan it twamoanliks ferskinende BFVW-tydskrift Vanellus. Yn de perioade dat hy as bestjoerslid en as Vanellus-redakteur belutsen wie by de BFVW waard de Europeeske Fûgelrjochtline (april 1979) ymplemintearre yn de nasjonale wetjouwing, yn it jier 1993. De ferrassend grutte wurdearring foar de BFVW-wurkwize yn maart 1993 fan de hiele Twadde Keamer (útsein GroenLinks), de salto mortale fan de ferantwurdlike steatssekretaris Dzsingisz Gabor (CDA) en de yntroduksje fan in ferplichte lanlike aaisikerskaart troch de Earste Keamer, fia in moasje fan PvdA en CDA yn oktober fan dat jier 1993, blieken mei-inoar dochs net genôch om de amtlike top op it ministearje 'om' te krijen en ta konstruktyf meiwurkjen te bewegen. Yn april 2002 kaam de Floara- en Faunawet ta stân. Dy wet brocht nije eleminten yn, lykas it begryp 'yntrinsike wearde' fan elts organisme, plant en bist, en de saneamde soarchplicht foar boer en boarger, dy't yn 2021 yn de provinsje Fryslân ta in drege diskusje liede soe. It foech oer de natoer waard yn dizze nije wet desintralisearre nei de provinsjes. De BFVW warskôge de wetjouwer sûnder sukses foar dizze nije, yngripende wetlike feroaringen. Ek de amtlike top fan ús eigen provinsje levere mear problemen op as meiwurking. Yn jannewaris 2015 foel it doek foar it ljipaaisykjen doe't de Ofdieling Bestjoersrjochtspraak fan de Rie fan Steat de ferliende fergunning fan de Fryske deputearre oan de BFVW weromfluite. Earst moast fêststeld wurde of de ljip noch wol yn in situaasje wie fan in 'gunstige staat van instandhouding'. Undersyk fan Sovon Vogelonderzoek Nederland yn Nijmegen wiisde út dat dit net mear it gefal wie. Achterôf kinne we fêstelle dat nét it ljipaaisykjen, mar de foar de ljip as briedfûgel sterk negative ûntwikkelingen yn de agraryske bedriuwsfiering, ynklusyf de djipûntwettering, it brûken fan keunstmest, de emissy-techniken en it brûken fan bestridingsmiddels lykas de beruchte neonikotinoïden, makke hawwe dat de ljip -en ek de skries, tsjirk en ljurk- har 'útstapmomint' berikte yn grutte parten fan Fryslân: gjin foer mear foar de folwoeksen fûgels (de reade wjirm) en gjin ynsekten foar de piken troch de ûntstiene gers-monokultuer. Dizze ûntwikkeling betsjutte dat der ek yn ús provinsje in ein kaam oan de iuwenâlde, rike en ynspirearjende maitiidstradysje fan it ljipaaisykjen. M.y.f. 1 jannewaris 2017 waard de F. en F.-wet opnommen yn de Natuurbeschermingswet.

Roodbergen siet foar it BFVW yn it provinsjaal greidefûgelplatfoarm en wie lid fan de Provinsjale Kommisje Behear Lânbougrûnen (PCBL) dêr't de grûnslach lein waard foar agrarysk natoerbehear. Likernôch 25 jier letter, yn 2018, waard der yn Fryslân 13,5 miljoen euro útkeard oan de saneamde agraryske kollektiven. Fryslân is mei 18.707 hektare koprinner yn Nederlân mei dizze foarm fan natoerbehear dy't benammen giet om de greidefûgels. Yn april 2022 wurdt troch de Provinsje oankundige om de saneamde 'wjukkelbunders' wer te yntrodusearjen, bedoeld om rap ynspylje te kinnen op geunstige omstannichheden yn it fjild.

'Wise and sustainable use'

bewurkje seksje

Roodbergen basearret syn fyzjes oangeande natoerbelibbing en it brûken fan de natoer - ek it ljipaaisykjen- op de 'wise and sustainable use'-útgongspunten fan de International Union for the Protection of Nature and Natural Resources (IUCN) yn Genève (1947). Fan de santiger jierren ôf wie it ljipaaisykjen bot polarisearre rekke yn rûnten fan natoerbeskermers. De wichtichste tsjinstanner fan de BFVW-útgongspunten waard Vogelbescherming Nederland (VBN) yn Zeist, dy't him, lykas de lettere Stichting Kritisch Faunabeheer, op etyske grûnen fûl tsjin it ljipaaisykjen fersette. Roodbergen skreau út namme fan it BFVW-haadbestjoer yn tal fan tydskriften en kranten, oer it wêzen en de maatskiplike betsjutting fan it ljipaaisykjen, en de needsaak om mei dat fenomeen fanút it eachpunt fan de (greidefûgel)beskerming hoeden om te gean. Somtiden mei oaren skreau hy in stikmannich boeken oer it ljipaaisykjen en de relaasje mei beskerming en edukaasje. Yn novimber 1991 ferskynde it boek Kievit tussen Pet en Wet. Roodbergen makke mei dit boek -in update fan it boekje Hijkes en Sijkes, dat makke waard troch de Ljouwerter Krante- as lid fan it Deistich Bestjoer fan de BFVW, tegearre mei Hans Wiltenburg, redakteur fan it BFVW-tiidskrift Vanellus, en Fokke Tuinstra, lid fan de PR-kommisje fan de BFVW. Pieter Breuker skreau it lêste haadstik, oer ljipaaisikerstaal. Prof.dr. Karel H. Voous (1920 - 2002), emeritus-heechlearaar Dierkunde oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam, skriuwt it foaropwurd, dat er beslút mei de sin: "Moge de kievit, ondanks niet te miskennen achteruitgang van zijn aantallen in deze eeuw, nog lang de koning der weidevogels blijven in Friesland, in de rest van Nederland en elders in Europa". Yn syn boek In de ban van vogels, Ornithologisch Biografisch Woordenboek van Nederland (Scheffers, Utrecht 1995) skriuwt Voous ek in koarte biografy oer Roodbergen. Harrie Ernst fersoarget de redaksje fan Hijkes en Sijkes dat útjûn wurdt troch de Friese Pers Boekerij bv. Yn april 1993 ferskynt in justjes wizige twadde printinge.

Ein 1991 skriuwt Roodbergen op fersyk fan it BFVW-haadbestjoer de saneamde Fleksibilisearringsregeling foar it fêststellen fan de slutingsdatum fan it ljipaaisykjen. Hy makket de slutingsdatum ôfhinklik fan de ûntwikkeling fan it foarjier; útgongspunt is de fyndatum fan it earste ljipaai yn de tsiende gemeente (fan de 31) yn Fryslân. De regeling wurdt troch de Algemiene Ledegearkomste fan maart 1992 oannommen. Op 9 maart 1993 beslút de Twadde Keamer it ljipaaisykjen -lanlik- te bewarjen; de slutingsdatum wurdt yn it hiele lân 9 maart; yn oktober fan dat jier wurdt yn de Earste Keamer it foarstel fan de BFVW oannommen om yn it hiele lân in aaisikerskaart yn te fieren. Dy aaiskerskaart waard fan it foarjier fan 1987 ôf al yn Fryslân brûkt. Tegearre mei de Twintener Bennie J. Oolbekkink stelt Roodbergen in list op fan de fynst fan it earste lanlike ljipaai fan 1900 ôf. Dizze list wurdt brûkt as fûnemint yn in artikel yn it Ingelsktalige fûgeltydskrift Ardea, yn maart 2005. De skriuwers binne Christiaan Both, Theunis Piersma en Roodbergen. De titel wurdt Climatic change explains much of the 20th century advance in laying data of Northern Lapwing Vanellus vanellus in the Netherlands. Roodbergen wurket mei oan it Frysk Basiswurdboek foar it basis- en fuortset ûnderwiis, dat gearstald wurdt troch Geert Vledder -syn eardere 'master' op de legere skoalle yn syn bertedoarp Grou- en Tetty de Jager-de Boer. Roodbergen nimt 'de biology' foar syn rekken. Dy Afûk-útjefte ferskynt yn 1998.

Mear publikaasjes

bewurkje seksje

Foar Jaap de Vries, ljipaaisiker en fûgelringer, skriuwt Roodbergen yn it begjin fan 1999 twa bylagen foar de twadde printinge fan it boek fan De Vries mei de titel Met een strootje te verleiden. De bylage-titels binne: De Sulveren Ljip en Van de sluitingsdatum, B.F.V.W.-reservaten en nog wat. Yn de neisimmer fan datselde jier 1999 skriuwt Roodbergen it haadstik De Deelen als natuurgebied foar it boek De Deelen, in inisjatyf fan Thom Mercuur. Oare skriuwers binne Rink van der Velde, Peter C. Vos, Kerst Huisman, Oene G. Dijkstra, Hans en Marita de Jong, Sije van den Bosch, Evert Kramer en Thom Mercuur sels. It boek ferskynt yn de earste dagen fan it nije jier 2000. Yn desimber 1999 ferskynt it troch Roodbergen skreaune jubileumboek B.F.V.W. in vogelvlucht en perspectief oer de histoarje fan goed fyftich jier BFVW. Yn de july-nijsbrief nûmer 18 (jier 2000) fan de Heimans en Thijsse Stichting stiet in resinsje fan dit boek ûnder de kop: 'Wat ús besielet', ferwizend nei de mission statement fan de BFVW dy't yn it boek op side 10 opnommen is. De resinsint skriuwt ûnder mear: "Roodbergen geeft in zijn prettig leesbare, rijk geïllustreerde boek een goed beeld van de bezieling van duizenden vogelliefhebbers in Friesland". (-) "De Friese bond heeft tot nog toe de regering steeds ervan kunnen overtuigen dat het rapen van kievitseieren goed samengaat met vogelbescherming". It trijemoanliks ferskinende tydskrift het Vogeljaar skriuwt yn in resinsje yn it aprilnûmer û. o.: "Dit historische verslag gaat niet alleen in op de natuurbeschermingsactiviteiten, maar ook op de politieke, de sociale en opvoedkundige kanten. Het boek heeft enorm veel aan waarde gewonnen door het register van persoonsnamen die in de tekst staan vermeld en dat werd samengesteld door Bauke van der Veen". Yn it maartnûmer fan it jier 2000 ferskynt yn it kwartaalblêd Fryslân, Nieuwsblad voor Geschiedenis en Cultuur, ûnder redaksje fan Meindert Schroor, in bydrage fan Roodbergen mei de titel Een eeuw vogelbescherming in maatschappelijk perspectief, mei de subtitel 'Van het 'houtsje fan Grutte Tseard' en de 'aaisikerskaart'.
It boek Een eeuw vogels beschermen, it jubileumboek fan Vogelbescherming Nederland (VBN), gearstald troch Frank Saris en útjûn by de KNNV Uitgeverij yn Utert, ferskynt yn it neijier fan 2007. Yn de tarieding foar dit boek komt Frank Saris nei Akkrum om mei Roodbergen te praten oer it skeel tusken BFVW en VBN oer it ljipaaisykjen. Roodbergen jout him it BFVW-jubileumboek fan desimber 1999 mei en lit him de indieling yn haadstikken lêze. It VBN-jubileumboek giet ek yn op de ferskillen yn tinkwize tusken VBN en de BFVW. Roodbergen wurdt yn it VBN-boek sprekkend opfierd yn in kaderstik mei de titel: "Sake P. Roodbergen, voorvechter van de 'aaisikers'" (side 257). Yn in resinsje ('Persvers') yn it Vanellus-nûmer 2007/6 giet Roodbergen djipper yn op de ynhâld fan it haadstik oer de BFVW, skreaun troch Gjerrit P. Hekstra, de sekretaris fan it Biologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. Tegearre mei Lammert G. Jansma en Douwe T.E. van der Ploeg skriuwt Hekstra it boek Dêr't it tilt fan diert' en blommen; 200 jier fjildbiology foar natoer en gea yn Fryslân', in soarte fan Fryske tsjinhinger fan it earder neamde boek oer fûgelers en fûgelkunde fan prof. dr. Karel H. Voous, de promotor fan Hekstra yn 1960. It boek fan Hekstra c.s. ferskynt by de Fryske Akademy ûnder it FA-nûmer 980 yn it jier 2006. Yn de persoanegalerij yn dit boek is ek Roodbergen en syn wurk foar de BFVW opnommen. Hekstra skriuwt: "Op en út in fjildman fan floara en fauna, mar ek ien mei in linige pinne en in heldere styl fan skriuwen. Dat docht bliken yn syn mannichte fan krantestikken (Trouw, Volkskrant, Telegraaf, streekkranten) en artikels yn tydskriften (Vanellus, Milieunieuws, ROM-bulletin, Het Landbouwblad, Platform LNV, Grasduinen, Het Vogeljaar) oer it aaisykjen. Mei dêrtroch wurdt by Vogelbescherming yn Zeist en ek op it ministearje fan LNV yn Den Haag aardich minder ôfwizend oer it aaisykjen (mei neisoarch!) tocht as eartiids. (-) As haadredakteur fan Vanellus set er in eigen, biologysk, en geakundich stimpel op syn redaksjonele stikjes, boekbesprekkingen en skôgings. Hy hat der in kleurich blêd fan makke, (-)". As Douwe T.E. van der Ploeg yn septimber 2006 komt te ferstjerren skriuwt Roodbergen yn Vanellus nûmer 5 fan dat jier in Yn Memoariam.

Yn de mande mei Johan Dijkstra (1929-2021), de foarsitter fan 'Vanellus vanellus, vereniging van weidevogelbeheerders' skriuwt Roodbergen it haadstik Kievitseieren zoeken; van 'ljipaaisykjen' naar weidevogelbeheer yn it boek Beter één vogel in de hand..., mei as ûndertitel ‘vogelvangst, valkerij en eieren zoeken in ambacht, cultuurhistorie en wetenschap’, dat, foarsjoen fan in wiidweidige literatuerlist, yn 2008 útkomt by de KNNV Uitgeverij yn Zeist. Yn 2009 ferskynt syn boek Ljippen, lân en leafde, syn earste Frysktalige boek oer it ljipaaisykjen, dat it wêzen en de technyk fan it ljipaaisykjen beljochtet en dêrnjonken yngiet op in tal wichtige maatskiplike aspekten fan dat ferskynsel. Op 15 april 2009 skriuwt Arjen Bakker yn it Friesch Dagblad in resinsje; hy neamt it boek 'een lyrisch pamflet vóór de traditie van het kievitseierenzoeken'.

Roodbergen ferliet yn 1997 it bestjoer fan de Akkrumer fûgelwacht en krige by it ôfskied de Sulveren Ljip. By syn ôfskied fan it haadbestjoer fan de BFVW yn maart 2001 wurdt him troch foarsitter Anne Osinga fan Gytsjerk de Gouden Ljip opspjelde, de heechste ûnderskieding binnen de BFVW. Yn april 2006 wurdt Roodbergen beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau fanwegen syn ynset foar it behâlden fan it ljipaaisykjen en de dêrby hearrende beskerming. Hy bleau oant april 2008 haadredakteur fan it twamoanliks ferskinende BFVW-tydskrift Vanellus. Ien fan syn lêste dieden is it -tegearre mei de Stichting Historic Future- gearstallen fan in DVD-Rom fan de ynhâld fan alle jiergongen fan it BFVW-tiidskrift Vanellus fan it begjin yn 1948 ôf oant en mei it jier 2007. De DVD wurdt ein novimber 2007 oanbean oan it haadbestjoer fan de BFVW by gelegenheid fan it sechstichjierrich bestean.

Natoerynteresse breder

bewurkje seksje

Yn de perioade fan syn haadbestjoerslidmaatskip fan de BFVW docht Roodbergen mei oan twa kursussen dy't oanbean waarden troch de Fryske Feriening foar Fjildbiology (FFF). It giet om de fûgelkursus en de plantekursus. De kursuslieders fan de fûgelkursus binne Meinte Engelmoer, Arend Timmerman en Michiel Versluys (1952-2013); de plantekursus wurdt jûn troch Jacob Koopman, Karst Meijer en Henk de Vries. De lêste kursus wurdt noch folge troch in lessenrige oer de alpine floara. Dizze lêste kursus wurdt yn de simmer fan 1989 ôfsluten mei in ferbliuw fan in wike yn Val Sinestra yn Graubünden yn Switserlân. Yn de wike dêrnei ferbliuwt de famylje Roodbergen op de camping by Sur-En. Roodbergen fynt dan de seldsume orchidee Epipogium aphyllum (Holl.: Spookorchis, Dútsk: Widerbart) by de Inn. Yn it tydskrift Eurorchis nûmer 2, fan febrewaris 1990, dogge Jacob Koopman en Karst Meijer ferslach fan dizze fynsten. Fan neijier 1992 oant de hjerst fan 1997 wurket Roodbergen as 'Sake, de natoerman' mei oan de skoaltelefyzje-útstjoeringen fan akteur Freark Smink yn syn rol fan Sybe Satellyt.

Tegearre mei Jaap van der Bij fan Aldegea (Sm) en Jan Koopmans fan Garyp, kollega-leden fan de BFVW-kommisje Promoasje en Public Relations (de PR-kommisje), en Austraalje-kenner Herman Kremer fan Noardburgum, makket Roodbergen fan 15 july oant 5 augustus 2002 in reis nei Austraalje mei it doel om fûgels fan dit bysûndere kontinint te fotografearjen. It wie de lêste grutte reis mei in analoge kamera, in Minolta. It motto fan de reis wie: "listen to the silence of a smoothing wilderness". Hichtepunt fan de reis waard de waarnimming fan de legendaryske Helmkasuaris mei fiif piken yn it Lacey Creek State Forest Park by Mission Beach súdlik fan Cairns.

Fan 23 juny oant 26 juny 2011 bivakkearje Roodbergen en syn frou Anneke de Jong op it hiem fan boer Harry Bergmann yn Govelin, yn it Wendland by Hitzacker oan de Elbe. Sy meitsje dêr it saneamde Lilien-Wochenende mei. Sintraal yn dat wykein stiet de Roggeleelje (Lilium bulbiferum subsp. croceum), in wylde plant dy't by boer Harry yn de roggefjilden groeit as ûnkrûd. Yn dit bysûndere gebiet -in einmorene út de Saale-iistijd, 130.000 jier lyn- sjonge de Nôtfink (Ortolaan) en de Gielfink (Geelgors), en fleane de Grutte wjerskynflinter (Grote weerschijnvlinder) en de grutte kever Fleanend hert (Vliegend hert). De besite is in gefolch fan de kontakten mei Fred Bos út Winterswyk, dy't in soad ûndersyk die nei dit bysûndere rogge-ûnkrûd en dy't tagelyk ien fan de organisatoaren wie fan de Lilien-Wochenende. Op 13 maart 2012 wurde yn in fjildsje fan Staatsbosbeheer by Eext yn Drinte 300 Roggeleelje-bollen plante, in inisjatyf fan Fred Bos. By dizze gelegenheid -dêr't Roodbergen en syn frou by útnûge binne- wurdt in taspraakje hâlden troch Hendrik Oosterveld yn syn hoedanichheid fan foarsitter fan de pleatslike lânynrjochtingskommisje. Mei dizze persoan, mar doe yn de funksje fan direkteur fan de Regio Noord fan it Ministearje fan Lânbou, hie Roodbergen kontakt yn juny 1999 yn de tarieding foar it skriuwen fan it boek B.F.V.W. in vogelvlucht en perspectief (BFVW, desimber 1999). De BFVW krige doe 10.000 gûne fan it ministearje foar dit projekt.
Ek yn de jierren 2012 en 2013 binne Roodbergen en syn frou ein juny presint by de Lilientage yn it Wendland yn Dútslân.

Fan it jier 2010 oant ôf dogge Roodbergen en syn frou mei oan de oan leden oanbeane natoerkampen fan de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging (KNNV). Yn 2010 yn Monfrague (Extremadura) yn Spanje, yn 2011 yn Lalbenque yn Súd-Frankryk, yn 2012 yn Alcala de los Gazules, yn Andalusië yn it uterste suden fan Spanje, yn 2013 yn Alquézar yn de Spaanske Pyreneeën, yn 2014 yn Saint-Maurice-sous-les-Côtes yn Lotharingen yn Noardeast Frankryk en yn 2015 yn Altenahr yn de Dútske Noard-Eifel. Roodbergen skriuwt mei oan de ferslaggen dy't fan dizze natoerkampen makke wurde en op it ynternet te finen binne. De kennis -en de kennissen- dy't by dizze natoerreizen opdien wurde sille fan grut belang blike foar syn rige Frysktalige natoergidsen dy't foarearst oant en mei 2023 ferskine sille.

Natoergidsen yn de Fryske taal

bewurkje seksje

Syn ynteresse yn en leafde foar sawol de Fryske taal as de Fryske natoer meitsje dat Roodbergen nei syn ôfskied fan it haadbestjoer fan de BFVW meidocht yn de provinsjale wurkgroepen dy't de Fryske nammen foar groepen fan organismen op 'e nij fêststelle. It giet om de nammen fan fûgels (2004), libellen (2007), wylde floara (2009), fisken (2012), in seleksje fan de nachtflinters (2015), en de flearmûzen (2016). By de behanneling fan de floara (1500 soarten) moetet hy Ytsen Kooistra wer. Yn it ramt fan dit hiele proses dat plakfynt ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy en de Provinsje (Meinte Engelmoer en Hinko Talsma) begjint Roodbergen oan de produksje fan in lange rige fan Frysktalige natoergidsen, boekjes mei allegearre itselde formaat (18 X 10,5 cm; 224 siden) en itselde 'format'. Roodbergen toant him dêrmei in opfolger fan Johannes Boersma (1917-2004), de Fryske ûnderwizer dy't nei syn pensjonearring publikaasjes útbrocht as It Wylde Fûgelt, It Wylde Wrimelt en listen mei de Fryske nammen foar fisken, sûchdieren, amfibyen, reptilen en poddestuollen. Yn 2005 ferskynt Fûgels, dat Roodbergen makket op fersyk fan útjouwer Steven Sterk. Yn 2013 folget -no op eigen inisjatyf- Blommen, oer de wylde floara fan Fryslân. Dizze twa binne oersettingen fan oarspronklik Dútsktalige determineargidsen, mar beide wurde troch Roodbergen alhiel nei de Fryske situaasje bewurke en werskreaun. Beide wurde útjûn by Utjouwerij Bornmeer (Steven Sterk) op De Gordyk. Op 30 maart 2015 komt Deiflinters en Libellen út, oer alle West-Europeeske soarten fan dy beide opfallende ynsektegroepen. Dizze natoergids komt út by Utjouwerij Wijdemeer (Louw Dijkstra) yn Ljouwert, letter yn Dokkum. Yn maart 2016 ferskynt by dyselde útjouwer de Frysktalige natoergids Nachtflinters oer in seleksje fan de grutte groep -yn Fryslân 678 soarten- fan de makro-nachtflinters. Fierwei de measte foto's wurde levere troch Jaap Schelvis fan Ljouwert. De gids wurdt op 19 maart yn Earnewâld presintearre. Op 23 septimber 2017, tafalligerwize de Europeeske Dei fan de Poddestoel, ferskynt Poddestuollen. Gosse Haga, foarsitter fan de Paddenstoelen Werkgroep Friesland ferlient help by it gearstallen fan de list fan de op te nimmen soarten en soarget, tegearre mei Marten en Immie Hunneman, Frans Ozinga en Jaap Veneboer, foar de foto's. Dizze fyfde Frysktalige natoergids wurdt presintearre foarôfgeande oan de ekskurzje fan de poddestuollewurkgroep yn de Reahelster Mieden by Bûtenpost. Dizze trije lêste dieltsjes binne gjin oersettingen, mar oarspronklike, Frysktalige útjeften. Foar 2018 wurdt sa'n natoergids oer de Kevers (Tuorren) op de rol setten. Peter Koomen, de konservator fan it Natoermuseum Fryslân yn Ljouwert, wurdt no haadbegelieder. De digitalisearre (!) listen mei oanbrochte kevers by it museum meitsje it opstellen fan de groslist fan op te nimmen soarten makliker. Foto's wurde levere troch in groep fan minsken. Theodoor Heijerman, keverspesjalist en wurksum oan de Wageningen University & Research (WUR) yn Wageningen, Tim Faasen en Hans Jonkman soargje foar in soad plaatsjes, mar Petra Tenge fan Appelskea levert de measte (sjoch har eigen webside: www.mijninsectenwereld.nl). Doelgroep fan de rige is benammen ek it basis- en fuortset ûnderwiis. Tuskentroch komt yn 2010 -wer yn it Frysk- in 'aventoereboek oer moetingen mei libellen' fan Roodbergen út, faak belibbe mei syn frou Anneke en syn freon Rin Bouma út Twizel, no Grou, syn bertedoarp. De titel is Libellen yn Fryslân (Utjouwerij Bornmeer, De Gordyk).

Oare plevieren en in app

bewurkje seksje

In selde type boek oer 'natoerbelibbing' komt út yn maart 2013. Dan is it ûnderwerp de 67 plevierachtigen (Charadriidae) op de wrâld. Mei in fiifentweintichtal auteurs út Roodbergen syn eardere BFVW/Vanellus-netwurk wurdt in boek gearstald mei foto's en teksten oer likernôch de helte fan dizze fûgelgroep. 'Amateurs', lykas hysels, Toon van Aert, Sytze Bottema, Rintsje Bouma, Harvey van Diek, Adriaan Dijksen, Frans Freijee, Nico de Haan, Harry Horn, Tom Jager, Joop Jukema, Franciscus Koopman, Lesley van Loo, Tjaart Martens, Boena van Noorden, Gerard Ouweneel, Otto Plantema, Jacques de Raad, Janny Werkhoven, Wim Wijering en Otte W.Zijlstra, mar ek de wittenskippers Albert Beintema, Theunis Piersma, Eddy Wymenga, Onno de Bruijn en de Ingelske RSPB-meiwurker Robert Sheldon (de Steppekievit) wurkje mei. Roodbergen nimt -njonken it redakteurskip- sels foar syn rekkening de beskriuwing fan syn moetingen mei it Dûkelmantsje (Strandplevier) op Sardinië, de Maskerljip yn Austraalje, de Killdeerplevier tidens twa reizen yn Noard-Amearika, en -fansels- de Ljip. Oeral yn dit boek wurdt rynsk gebrûk makke fan it kolossale, profesjonele foto-argyf fan Jan van de Kam, dy't sels ek in bydrage skriuwt (oer de Readkopplevier yn Austraalje). Theunis Piersma skriuwt in nijsgjirrich foaropwurd oer de Krabplevier -dy't gjin plevier is- fan it waadgebiet fan Barr el Hikman yn Oman. De ekstra bylage mei de Ingelske, Hollânske en wittenskiplike nammen fan alle Ljippe- en Plevieresoarten (Charadriidae) op de wrâld, harren fersprieding en de status fan bedriging neffens de IUCN-noarm, dy't Albert Beintema achteryn it boek fersoarget, jout in wichtige mearwearde oan dizze útjefte. Oan de finansiering fan dit projekt en de ferkeap fan it boek wurdt ek meiwurke troch Vogelbescherming Nederland yn Zeist, de 'tsjinstanner' fan de BFVW yn de somtiden fûle diskusje oer it ljipaaisykjen. De titel fan dit Hollânsktalige boek is Kieviten & Plevieren; Ljippen & Wilsters. It ferskynt by Utjouwerij Wijdemeer yn Ljouwert en wurdt op 1 maart 2013 presintearre tidens de jierlikse Algemiene Ledegearkomste fan de BFVW yn It Wiid by Earnewâld. Op 28 augustus 2014 ferskynt in resinsje fan dit boek yn it trijemoanlikse fûgelblêd 'het Vogeljaar', skreaun troch redaksjelid Rob A. Kole (RAK). Kole skriuwt û.o.: 'Een boek van de Fries Sake Roodbergen met zo'n titel? Dat moet haast wel geheel zijn gewijd aan aaisykjen en wilsterflappen, leek mij toe. Dat bleek niet helemaal juist te zijn. Natuurlijk komen deze onderwerpen aan de orde, maar het boek gaat over meer. Over veel meer zelfs'. Yn it fûgeltydskrift Limosa (jrg 86, nr 4, 2013) skriuwt Jeroen Onrust -dy't wy no kenne as de wjirmekenner fan it boerelân- in resinsje oer dit boek.

Fan jannewaris 2008 ôf skriuwt Roodbergen elke fjouwer wiken in bydrage -ôfwikseljend yn it Frysk en it Hollânsk- oer de natoer (tekst en foto) foar it hûs-oan-hûsblêd Middelpunt dat yn it midden fan Fryslân ferskynt yn in oplage fan 12.000 eksimplaren.

Foarjier 2014 wurket Roodbergen mei oan it boek Oogst, van de veenlandschappen dat makke wurdt troch Hilde E.A. Huizenga. It is it tredde diel yn in rige fan fjouwer boeken ûnder it mienskiplike motto 'Cultuurhistorie en bijna vergeten beheertechnieken voor opbrengst van erf en terrein', dy't de skriuwster makket op fersyk fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken. Yn de rige ferskynden earder Oogst van de zandgronden (2011) en Oogst van Rivieren en Kusten (2013). Yn 2016 ferskynde it ôfslutende Oogst van het Heuvelland.

Yn maaie fan it jier 2014 leveret Roodbergen syn earste bydrage ôf foar it tiidskrift Fryslân Markant. It is in nije útjefte fan Utjouwerij Penn yn Ljouwert. Redakteurs binne Klaas Jansma -yn Fryslân bekend om syn ferslachjouwing fan it jierlikse skûtsjesilen- en Milja Roosjen. Fan dizze maaiemoanne fan 2014 ôf soarget Roodbergen foar in ferhaal oer de natoer, of in natoergebiet yn Fryslân as bydrage foar dizze trije of fjouwer kear yn it jier ferskinende 'glossy'. Under de einredaksje fân Klaas Jansma en mei Martsje de Jong en Roodbergen ferskynt yn jannewaris 2015 by Uitgeverij Penn.nl yn Ljouwert in boek oer it natoergebiet en Nationaal Park De Alde Feanen mei as titel Het Veenparadijs; Bruisend groen en bevochten ruimte. Foar dit boek levert Roodbergen in bydrage ûnder de titel Knielen voor nietige plantjes. Fan 1 jannewaris 2019 ôf wurdt de redaksje fan Fryslân Markant foarme troch Martsje de Jong, Gerhild van Rooij, Cindy Postma en Sake P. Roodbergen. It blêd giet yn de rin fan 2019 spitigernôch fallyt.

Yn novimber 2014 wurdt yn It Wiid by Earnewâld de Frysktalige app 'Fauna yn Fryslân' presintearre. Resultaat fan in inisjatyf fan de Provinsje Fryslân, Utjouwerij Wijdemeer (Louw Dijkstra) út Ljouwert en it Taalburo Popkema (Anne Tjerk Popkema) fan Grins. Naturalis Biodiversity Center yn Leiden fersoarget de technyske produksje en jout wittenskiplike ûndersteuning. De ynfolling wurdt realisearre yn gearwurking mei It Fryske Gea. Roodbergen fersoarget de biologyske ynhâld, makket de groslist fan de twahûndert bistesoarten (in kar út alle tsien biste-haadgroepen), soarget foar de foto's, skriuwt teksten en sprekt de soartteksten yn. Der wurde al daliks plannen makke foar in ferfolch, mar dan oer de Fryske floara.

Atlas-Contact

bewurkje seksje

Yn 2015 wurdt Roodbergen troch âld-direkteur Emile Brugman fan de Uitgeverij Atlas-Contact yn Amsterdam/Antwerpen frege om in monografy te skriuwen mei as titel De kievit. Dat boek oer de ljip kin beskôge wurde as de opfolger fan de monografy út 1969 oer ús 'heraut fan de maitiid' fan de Fries-om-utens Rinke Tolman. De kievit is part fan in fûgelrige dy't de útjouwerij oan it gearstallen is en wêryn't al earder monografyen ferskynden oer de Rotgoes, Toerswel, Noardske falk, Ka, Skries, Koekoek, Protter (Spreeuw), Mosk (Huismus), Goudfink, Klyster (Merel), Markol (Meerkoet) en Sulvermiuw. Nei De kievit ferskine De raaf, De tapuit, De bergeend, De Turkse tortel, De zwarte specht, De zeearend, De fuut, De wilde eend, De knobbelzwaan, De steenuil,, De houtsnip en De ooievaar (yn 2023). It projekt fan De kievit krijt it karakter fan in twatalige simultaan-útjefte as Louw Dijkstra fan Utjouwerij Wijdemeer oanjout dat er graach de Frysktalige tsjinhinger útbringe wol. Dat idee krijt it kontraktueel fêstleine fiat fan Atlas-Contact. Op 23 maart 2018 wurdt de Ljip presintearre by boekhannel Van der Velde yn Snits.[1] Freark Smink hat as ynterviewer/presintator in haadrol yn dy presintaasje. Yn it Friesch Dagblad wurdt omtinken jûn oan it ferskinen fan de Ljip.[2] Op 28 maaie ferskynt it boek De kievit by de Amsterdamske ütjouwerij Atlas-Contact, de trettjinde monografy yn de rige, de twadde oer in greidefûgel, en de earste dy't skreaun is troch in Fryske auteur. De monografy is ek te krijen as e-boek. Yn syn boeken De kievit en de Ljip fan 2018 beneamt Roodbergen yn it haadstikje 'Wat, als' in tal wichtige stroffelstiennen en mooglike perspektiven yn it stribjen fan de BFVW-haadbestjoer om it ljipaaisykjen te behâlden en te brûken yn de natoer- en fûgelbeskerming. BNN/VARA Vroege Vogels (Rob Buiter) besteget op snein 10 juny oandacht oan it ferskinen fan De kievit. De Ljouwerter Krante hat op 20 juny omtinken foar it útkommen fan sawol 'de Ljip' as 'De kievit'; de skriuwer is Cor de Boer. Op 23/24 juny ferskynt yn NRC Handelsblad in resinsje oer De kievit dy't skreaun is troch Nienke Beintema. Yn it deiblêd Trouw stiet op 17 july in ferhaal oer De kievit (en De zilvermeeuw) fan de hân fan Joop Bouma. Yn it earste nûmer fan it jier 2019 fan it kwartaaltydskrift De Levende Natuur -de 120e jiergong, nûmer 1- skriuwt de Fryske biolooch Eddy Wymenga in resinsje oer 'De kievit'. Wymenga, direkteur fan it ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga yn Feanwâlden, wie ien fan de meiwurkers oan it boek Kieviten en Plevieren; Ljippen en Wilsters, fan 2013; hy beskriuwt dêryn de Sporenkievit. Fûgelleafhawwers dy't in eigen ynformative webside ûnderhâlde besteegje ek oandacht oan it útkommen fan De kievit. Adri de Groot (www.vogeldagboeken.nl) pleatst in wiidweidige resinsje op 25 maaie 2018; de Siuw Jako de Groot (www.Visdief.nl) docht dat op 2 novimber. Hy skriuwt: Wie alles wil weten over de kievit, zijn gedrag, de oorzaken van de neergang en de pogingen om het tij te keren, die doet er goed aan De kievit van Sake Roodbergen te lezen. Je proeft de passie voor de weide en de vogels die er leven. Je proeft de weemoed en het verlangen naar vroeger, toen het platteland nog zinderde van het leven. De auteur droomt ervan dat die situatie ooit weer terugkeert. Een hartstochtelijk boek.
'De kievit' wurdt ek sinjalearre troch De Volkskrant-natoerkollumnist Caspar Janssen. Op 4 maaie 2022 skriuwt hy: "De baltsvlucht van de kieviten, die steil omhoog vliegen, die buitelen in de lucht, 'over de kop gaan', waarbij de witte ondervleugels schitteren in het licht, het roepen, en het fluiten, kie-oe-wiet. In het beste geval, zo merkte Sake P. Roodbergen op in zijn monografie over de kievit, steken de kieviten ook andere weidevogels aan met hun uitbundigheid, dat is de magie van het weiland in het voorjaar".

Yn de hjerst fan 2017 makket de ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin yn Drachten (dhr. Jelle Bangma) in flyer oer de fiif oant dan ta ferskynde Frysktalige natoergidsen fan Roodbergen. De flyer wurdt oan alle Fryske basisskoallen en oan de learkrêften biology fan it fuortset ûnderwiis tastjoerd. Fan heal oktober oant begjin novimber 2018 makket Roodbergen mei syn frou Anneke de Jong (mei harren freonen Geke en Foppe de Haan, en Klaasje Postma en Freark Smink) in reis fan fjouwer wiken nei Ekwador en de bysûndere Galapagos-eilannen. Sy sjogge û.o de prachtige Blue morpho, in grutte tropykse deiflintersoart, as sy yn in eko-lodge ferbliuwe oan in sydrivier fan de Amazône. Op de Galapagoseilannen sjogge sy de legindaryske grutte lânskyldpodden dy't Charles Darwin yn 1835 ek moete.

Lêste natoergidsen

bewurkje seksje

Op 24 maaie 2019 wurdt de sechsde Frysktalige natoergids Kevers presintearre. It earste eksimplaar wurdt op it Provinsjehûs yn Ljouwert troch Roodbergen oanbean oan de demisjonêre deputearre (foar û.o. de natoer) Johannes Kramer (FNP). It Friesch Dagblad (Ruurd Walinga, 11 maaie), Omrop Fryslân (24 maaie) en de Leeuwarder Courant (Cor de Boer, 31 maaie) besteegje rynsk oandacht oan it útkommen fan Kevers. Ek de Siuwske fûgel-/natoerman Jako de Groot docht dat op syn eigen webside www.Visdief.nl, yn it Hollânsk. Begjin oktober 2019 set Roodbergen útein mei in sânde Frysktalige natoergids. Underwerp is dizze kear de lânseigen beammen. Foar de foto's freget de natoerskriuwer de meiwurking fan IVN-koryfee Betty Kooistra-Woudsma fan Burgum. Foar de wittenskiplike ferantwurding skeakelet er de beam- en boskekspert Bert Maes fan Utert yn (Ecologisch Adviesbureau Maes).

Yn maart fan it jier 2020 skriuwt Roodbergen mei oan it nije Hollânsktalige deiflinterboek -oer de deiflinters yn de provinsje Fryslân- dat op priemmen setten is troch de flinterwurkgroep yn de provinsje Fryslân. Hy skriuwt de soartbeskriuwingen fan de Nûmerflinter (Atalanta), de Deipau-each, it Gintsiaanblaujurkje, it Heideblaujurkje, it Gielteistergroukopke (Geelsprietdikkopje) en de Grutte fjoerflinter. It earste eksimplaar fan Dagvlinders in Fryslân - veranderingen vastgelegd wurdt op tiisdei 13 april oan Henk de Vries, direkteur fan It Fryske Gea, oanbean troch Siep Sinnema, de foarsitter fan de Vlinderwerkgroep Friesland. Op dizze selde dei wurdt alle materiaal fan Roodbergen syn sande natoergids Beammen nei de drukker stjoerd. Yn desimber 2020 skriuwt Henk Minkes in ferhaal oer Roodbergen en syn belibbing fan it ljipaaisykjen yn it BFVW-tydskrift Vanellus; it wurdt û.o yllústrearre mei in foto fan him mei trije fan syn fjouwer pakesizzers by in ljippenêst -mei in ientsje- yn it lân fan Thom de Groot op Goattum ûnder Grou. Op 28 maaie 2021 wurdt de sande natoergids Beammen formeel presintearre troch de oanbieding fan in eksimplaar oan kommissaris Arno Brok yn de histoaryske steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert.[3] By de natoergids is troch de útjouwer en de opmakker Richard Bos in spesjale flyer makke mei de tsien moaiste beammen yn Fryslân; in begeliedende QR-koade makket de syktocht nei elke beam ienfâldich. Op 18 juny ferskynt in Frysktalich ferhaal oer de natoergids Beammen én oer de skriuwer sels yn de Freed-bylage fan de Ljouwerter Krante. It ferhaal is skreaun troch Sietse de Vries. Yn it Friesch Dagblad stiet op 26 juny ûnder de kop Friese bomen met hun eigen verhaal in Hollânsktalige resinsje fan Beammen skreaun troch Ruurd Walinga. Hy skriuwt: 'Het is maar een gidsje, de zevende al van oud-docent Sake Roodbergen uit Akkrum, maar het staat zo boordevol leuke en vooral actuele informatie dat je het niet zomaar op een achternamiddag doorneemt'. Op 25 augustus ferskynt in twadde printinge fan Beammen yn in oplage fan 500 eksimplaren. Dat bringt it totaal boppe de tûzen.
Op 1 oktober 2021 set Roodbergen útein mei in manuskript foar de achtste Frysktalige natoergids. Underwerp binne trije groepen fan Lidpoatigen: spinnen, wantsen en sweefmiggen. De skriuwer freget Peter Koomen, konservator fan it Natoermuseum Fryslân yn Ljouwert en tagelyk de foarsitter fan de Nederlandse Entomologische Vereniging (NEV) om in list te meitsjen fan de fyftich meast talrike soarten fan de trije groepen. Berend Aukema fan Naturalis-Leiden wurdt frege foar de wantsen en foar de sweefmiggen freget Roodbergen help fan Wouter van Steenis. Hy kriget fan Petra Tenge tastimming om foto's fan har partikuliere webside (www.mijninsectenwereld.nl) te brûken foar dit nije projekt. Op 24 maaie 2023 biedt Roodbergen it earste eksimplaar fan de natoergids Spinnen, Wantsen en Sweefmiggen oan wethâlder Gerrie Rozema fan de gemeente It Hearrenfean oan.

Heal desimber 2021 wurdt Roodbergen troch de Vanellus-redaksjekommisje frege om yn it nije jier 2022 omtinken te jaan oan de skiednis fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) yn it eigen twamoanliks tydskrift Vanellus. It giet dan om fiif bijdragen dy't elk likernôch fyftjin jier omfiemje, op wei nei it 75-jierrich bestean fan de BFVW yn novimber 2022. In wichtige skiedkundige boarne is it boek "B.F.V.W. in vogelvlucht en perspectief" oer de earste fyftich besteansjierren fan it Bûn, dat er sels skreau, en dat ferskynde yn desimber 1999. Yn dyselde desimbermoanne fan 2021 wurdt Roodbergen troch einredakteur Pier Bergsma benadere om in natoerkollum te skriuwen yn it kwartaalblêd De Nije fan de Ried fan de Fryske Beweging. Yn de earste dagen fan april 2022 ferskynt it blêd mei in earste bydrage fan Roodbergen, oer de natoer fan Gaasterlân. Syn fjirde bydrage fan 2022 hat as ûnderwerp de oerdracht fan de saneamde Kathûspleats by Nes/Akkrum nei de Fryske natoerorganisaasje It Fryske Gea. Spitigernôch hâldt it Frysktalige blêd yn dy moanne op te bestean. Yn juny en july 2022 wurket Roodbergen op fersyk fan David Lelieveld (fan ympresariaat Pier 21) oan de oersetting fan it Frysk nei it Ingelsk fan it toanielstik Wat soesto! dat skreaun en opfierd is troch Freark Smink en syn frou Klaasje Postma. De Ingelske oersetting is bedoeld om it toanielstik wer oer te setten nei it Friülysk, in minderheidstaal yn Noardeast-Itaalje dy't sprutsen wurdt troch sa'n 750.000 minsken. Op 24 novimber 2023 wurdt de oersetting fan Wat soesto! opfierd yn Udine, yn noard-east Itaalje.

Lid Fryske Akademy

Op 16 septimber 2022 wurdt Roodbergen beneamd ta lid fan de Fryske Akademy. It ynstitút mient dat 'Sake Pieter Roodbergen grutte fertsjinsten hat foar de Fryske kultuer'. Yn it begeliedende rapport fan Liuwe Westra wurdt skreaun: 'hy hat mei syn krewearjen ûnbidich bydroegen oan de útbou fan it Frysk as taal fan wittenskip en belied. As lêste hat er in protte Friezen nije niget jûn oan de Fryske nammen foar alles wat der om ús hinne libbet en it gebrûk fan dy Fryske nammen tige stimulearre'. It moanneblêd Groot Heerenveen lit meiwurker Henk van der Veer yn de novimber-útjefte in ynterview hâlde mei Roodbergen nei oanlieding fan dy beneaming. Begjin july 2023 beslút Roodbergen om noch twa natoergidsen te meitsjen. Nûmer njoggen sil dan gean oer gerzen, siggen en rusken; de tsiende krijt as ûnderwerp de (West-Europese) orchideeën, dy't er beskôget as de 'kroan op de floaristyske skepping'. Yn in oprop yn it natoerblêd Twirre lit Roodbergen witte dat er fotografen siket foar al dizze fjouwer plantegroepen. Op 24 july skriuwt Adri de Groot yn syn nijsbrief De Vogeldagboeken oer it ferskinen fan de natoergids Spinnen, Wantsen en Sweefmiggen. Op 26 en 30 augustus 2023 besteegje resp. de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad oandacht oan it ferskinen fan dizze achtste natoergids.
Op 27 septimber 2023 wurdt troch Froukje Sijtsma it ferhaal oer Roodbergen syn libben en wurk ôfsluten yn it digitale projekt fan Tresoar yn Ljouwert dat giet oer skriuwers en dichters fan Fryslân. It projekt wurdt neamd Schatkamer van Fryslân.

Fryslân Dok

Ier yn 2024 wurdt de Fryslân-Dok Stienmurd, Wolf, Jakhals útstjoerd troch Omrop Fryslân. Roodbergen docht dêryn û.o. ferslach fan it weromrinnen fan de greidefûgels. Mei Utjouwerij Wijdemeer wurde as de foarriedige data fan presintaasje fan de natoergidsen Gerzen, siggen en rusken en Orchideeën (as nûmer tsien) ein april resp. begjin novimber 2024 ôfpraten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ruurd Walinga, Boek in Fries en Nederlands over 'heraut van maityd', Frysk Deiblêd, 24 maart 2018, s.24
  2. Ruurd Walinga, 'Verschoppelingen van de schepping' in de spotlight, Frysk Deiblêd, 11 maaie 2019, s.14
  3. Sietse de Vries, Beammen fan bûten ha ekologysk gjin wearde, Ljouwerter Krante, 18 juny 2021, s.8